Haye skoarde dit seizoen al twa kear tsjin Utrecht: "Daar ga ik nu weer voor"

sc Hearrenfean-trainer Ole Tobiasen kin sneintejûn beskikke oer in sa goed as folslein fitte seleksje yn de kompetysjewedstriid tsjin FC Utrecht. Allinnich Pawel Bochniewicz ûntbrekt noch.
Ole Tobiasen © Orange Pictures
De Friezen wisten al sân wedstriden op rige net te winnen en mei de nûmer sân fan de earedivyzje treft Hearrenfean yn Utrecht no ek gjin maklike wedstriid.
"Het is een hele belangrijke wedstrijd, met name voor ons vertrouwen", seit Tobiasen. "Op papier is het een hele goede tegenstander. Op het veld kunnen ze hele aardige dingen laten zien."

Sfear

Nettsjinsteande dat Hearrenfean op 19 desimber foar it lêst wûn, is de sfear yn de ploech neffens de trainer goed. "Tot nu toe kan ik niets zien of merken in de groep", seit Tobiasen. "Mijn complimenten aan de jongens over hoe ze doorgaan en blijven vechten. Ze werken hard op de trainingen en in de wedstrijden."
De keeperswiksel fan ôfrûne wike, dêr't yn ferskate media, wêrunder de SportCast fan Omrop Fryslân, krityk op kaam is, is neffens Tobiasen ek gjin item. "Ik weet niet waar ze het op baseren", seit de trainer oer it ûnbegryp.
"Dat is een keuze die ik heb gemaakt en daar sta ik honderd procent achter. Wat mensen daarvan vinden, dat is hun werk om daar een mening over te hebben. Wij maken hier de keuzes en daarom de wissel."
Trainer Ole Tobiasen sjocht der nei út om foar in goed folle stadion te spyljen:
Mei it loslitten foar de coronamaatregels wurdt it foar winteroanwinst Thom Haye syn earste wedstriid yn in goed folle Abe Lenstra Stadion. De middenfjilder sjocht mei in goed gefoel werom op syn earste wiken yn Hearrenfean.
"Als ik persoonlijk kijk voor mezelf wel heel positief. Ik ben vrij snel aangepast en ook snel opgenomen in het team. Dus wat dat betreft is het best wel snel en makkelijk gegaan. Dus daar ben ik wel blij mee", seit Haye.
Mar de ferliezen binne him ek net yn de kâlde klean sitten gien. "Ja, uiteraard. Ik haat het sowieso om te verliezen. Dat is sowieso niet lekker uiteraard, maar het is wel met gemengde gevoelens. Ook omdat je je in bepaalde wedstrijden jezelf tekort doet, maar bij vlagen wel goed speelt. Daar moet je wel deels ook vertrouwen uit halen en mee doorgaan."

Twa goals

Foar Haye wurdt it syn twadde thúswedstriid dit seizoen tsjin FC Utrecht. Earder wûn der al mei syn âlde klup NAC Breda fan Utrecht. Yn dy wedstriid makke er ek noch twa goals.
Thom Haye wol syn keunstke tsjin FC Utrecht graach noch ris oer dwaan:
"Een hele mooie wedstrijd voor ons en ook voor mij persoonlijk. Dat is leuk om aan terug te denken. Maar om een beetje in clichés te praten, daar heb ik nu niet heel veel aan", seit Haye. "Maar ik zou graag hetzelfde neerzetten. Daar ga ik ook voor."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en FC Utrecht begjint sneintejûn om acht oere. It duel is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat set om kertier foar achten útein en fanút it Abe Lenstra Stadion komt it kommentaar fan sportferslachjouwer Arjen de Boer.