Njoggen noardlike filmmakkers selektearre foar talintprogramma

Njoggen noardlike filmmakkers binne troch New Noardic Wave selektearre foar it talintprogramma 'First Wave'. Under de filmmakkers binne leafst seis Friezen.
Friezen by it talintprogramma 'First Wave':
De selektearre makkers binne Max Lunter, Daphne Lücker, Karim Ouri, Froukje van Wengerden, Tom Tieman, Eza Doortmont, Remco Efdé, Rachel van Bruggen en Janko Krist. Dy lêste is benammen bekend as regisseur fan de Fryske bioskoopfilm Stjer.
Yn it talintprogramma krije de filmmakkers ferskate workshops en dat moat oan de ein fan it trajekt njoggen nije filmprojekten opleverje, dy't yn novimber fan dit jier presintearre wurde oan fûnsen, produsinten, streamers en omroppen.
In filmklapper © ANP Foto
"Er is veel talent in het noorden dat nog onvoldoende wordt gezien", seit kreatyf direkteur Joris Hoebe. "Met dit programma zetten we negen talenten in de schijnwerpers en maken we van hen sterkere makers. Door hen te presenteren aan de industrie en fondsen vergroten we de kans dat er meer films en documentaires van noordelijke makers worden gemaakt en hopen wij dat de talenten andere noordelijke makers inspireren."
First Wave wurdt stipe troch it Filmfûns en de provinsje Fryslân en moat alle jierren weromkomme.
Joris Hoebe fan New Noardic Wave
Filmmakker Janko Krist