Aksje foar behâld Hounspolder: "De grutte stêd heart net nei de lûden út de doarpen"

Goed 200 ynwenners fan Ljouwert en omlizzende doarpen pleatsten freed in opmerklike advertinsje yn de Fryske kranten. Sy roppe op om net te stimmen op de partijen dy't foar nijbou yn de Hounspolder binne.
De advertinsje © Omrop Fryslân
It punt dêr't it om giet is bebouwing fan de Hounspolder, oan de súdkant fan Goutum. De opstellers fan de advertinsje sizze dat de gemeenteried syn eigen tasizzing net neikomt om de Hounspolder te beskermjen en behâlden foar greidefûgels. De polder is in wichtich gebiet foar de fûgels.
De oprop is dêrom om net te stimmen op GrienLinks, PvdA, D66, Christenunie, CDA en VVD. Allinne FNP, Gemeentebelangen en Lijst 058 binne tsjin de plannen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Inisjatyfnimmer Jochem Rijpma sprekt fan 'ûnbehoarlik bestjoer.' Hy fynt dat der ferkeard hannele is. De gemeente hat earst grûn oankocht en pas letter ûndersyk dwaan litten troch in buro, om dêrnei te sizzen dat it miljoenen kostje soe as it lân net foar nijbou brûkt wurdt.

Ta grien ynsjoch komme

Neffens Rijpma hie der earst ûndersocht wurde moatten en dêrnei pas kocht. Mei de aksje hopet hy de ferkiezingen te beynfloedzjen. Nei de ferkiezingen lizze de politike ferhâldingen miskien oars en komme fraksjes miskien 'ta it griene ynsjoch', sa't Rijpma it neamt.
De grutte stêd docht mar en heart net nei de lûden út de doarpen wei.
Jochem Rijpma
Rijpma sammele in soad stipe yn de doarpen om Ljouwert, lykas Goutum, Bears, Mantgum en Weidum. "De grutte stêd docht mar en heart net nei de lûden út de doarpen wei", seit hy. "As je neat dogge, wit je yn elts gefal dat je mis sketten hawwe."
Inisjatyfnimmer Jochem Rijpma
It bestimmingsplan moat noch oanpast wurde om de plannen trochgean te litten. Dêr moat noch oer stimd wurde.