Van der Molen wol Ruslân fan banksysteem útslute: "Mar wol yn ienriedigens"

De sanksjes tsjin Ruslân foar de ynfal yn Oekraïne moatte stranger, fynt it Fryske Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA). Wat him oanbelanget moat Ruslân ek útsletten wurde fan it Europeeske betelsysteem SWIFT.
Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA) © ANP
Van der Molen fynt it in útsûnderlike situaasje. "Mar as Europa net in fûst makket, dan binne wy oan Ruslân oerlevere."
Mar útsluting fan it Europeeske betellingssyteem is net ûnderdiel fan it sanksjepakket dat der no leit, want in oantal Europeeske lidsteaten is benaud dat Ruslân dan ophâldt mei it leverjen fan bygelyks gas, en dat makket de gefolgen foar de ekonomy te grut.

Ienriedich in fûst meitsje

"It is goed dat wy ienriedich bliuwe, dat sil ek moatte as je in fûst tsjin Poetin meitsje wolle. Mar ik fyn wol dat der in skepke boppe-op moat. Dan is de earste stap útsluting fan it bankesysteem. Dan reitsje je Ruslân ekonomysk gewoan hiel hurd."
Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA)
Dochs begrypt Van der Molen de ienriedigens ek wol, want Ruslân fiert de druk op Europa op. "Dus der mei wat ús oanbelanget wat mear, mar it moat wol mei-inoar. Je moatte de feiligens net op it spul sette."
As wy de rjochtsoarder yn Europa mei-inoar net heech hâlde, wêr komme wy dan út?
Harry van der Molen
Dat ekonomyske sanksjes ússels ek treffe sille, sjocht Van der Molen as in feit. "It sil wat mei de prizen dwaan. Yn 2015 mei de ynfal yn de Krim hawwe wy de sanksjes op benammen it agrarysk mêd ek fernaam, om't Nederlân in grutte eksporteur is. Mar neat dwaan kin ek net. As wy de rjochtsoarder yn Europa mei-inoar net heech hâlde, wêr komme wy dan út?"