Merel Bosma op it poadium by earste Grand Prix op natueriis

Merel Bosma fan It Hearrenfean is freedtemiddei yn de Sweedske stêd Lulea tredde wurden by de earste wedstriid fan de Grand Prix op natueriis.
Bylden fan de wedstriid by de froulju:
De oerwinning by de froulju gie nei Ineke Dedden. Marthijn Mulder wûn by de manlju. Yn dy wedstriid einigen der gjin Friezen op it poadium.
Yn de frouljuswedstriid waard it peloton gau út inoar lutsen troch de wyn. Dedden en Iris van der Stelt rieden úteinlik fuort út in kopgroep fan trettjin en namen flink ôfstân. Yn de sprint wie Dedden de fluchste. Bosma wûn de sprint om it tredde plak.
Tiisdei is de twadde race fan de Grand Prix. Foar snein stiet it Iepen Nederlânsk Kampioenskip op it programma.
Merel Bosma oer har tredde plak: