Fûgelgryp yn Skearnegoutum: 90 wetterfûgels ôfmakke

Yn Skearnegoutum is fûgelgryp fêststeld by in groep swannen op in lytse hâlderij. De njoggentich fûgels wurde ôfmakke om fersprieding fan it firus foar te kommen.
In groep swannen (foto as yllustraasje) © Shutterstock.com (Remco de Wit)
It giet om in boerebedriuw wêrby't de boer foar de hobby sa'n hûndert fûgels, lykas swannen, hat. "Doe't wy in deade swan hiene, ha wy dy opstjoerd. Doe krigen wy te hearren dat it gie om de fûgelgryp." It giet yn Skearnegoutum nei alle gedachten om in tige besmetlike fariant.
De fûgels wurde freedtemiddei romme. "Ek as se net besmet binne. Dat komt om't se tige benaud binne dat it oerslacht op minsken. Ik begryp it wol, mar ik fyn it wol hiel slim hear."
Binnen trije kilometer fan it bedriuw lizze gjin oare plomfeebedriuwen. Binnen tsien kilometer wol trije: dêrfoar jildt no in ferfiersferbod.

Besmet troch wylde einen

Neffens de boer binne syn fûgels besmet rekke troch wylde einen. "Je sjogge it net, mar it is der wol. Dan kinne je fûgels it samar krije. Ik ha al fiifentritich jier fûgels as hobby, mar dit ha ik noch net meimakke. Om no sa fan je bisten ôf te kommen..."
It kabinet wol dat plomfeehâlders maatregels nimme om fûgelgrypbesmettingen foar te kommen. Minister Staghouwer wol ûnder mear in ekstra ferplichte hygiënecheck foar stâlen dêr't alris fûgelgryp konstatearre is.

Blije en Tsjom

De fûgelgryp giet rûn yn ús part fan Europa. Op ferskate bedriuwen yn Nederlân is de ôfrûne moannen it firus fêststeld. Dat barde ek yn Blije en Tsjom.
By de Fûgelhelling yn Oerterp wurde al skoften sike fûgels brocht.