K80-gearwurking fan lytse gemeenten set útein

De K80 wurdt freed offisjeel oprjochte: in gearwurking tusken goed 80 lytse gemeenten. It doel is om mei-inoar op te lûken foar de belangen fan dizze lytse gemeenten. Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel sit yn it bestjoer.
Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel © Omrop Fryslân
De 83 gemeenten yn de K80 hawwe elk minder as 20.000 ynwenners. Fia de K80 kin der lobbyd wurde yn 'e rjochting fan de Ryksoerheid en de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG), is it idee.

Dantumadiel yn de kopgroep

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel nimt sitting yn it foarriedige bestjoer fan de K80. Dantumadiel sit yn de 'kopgroep' en Agricola fertsjintwurdiget de K80 op de digitale oprjochtingsgearkomste.
Neffens Agricola is it goed om gear te wurkjen op sosjale saken lykas jongereinsoarch en earmoedbestriding, mar ek op saken as wentebou en de nije omjouwingswet. De K80 wol fan gemeentefûnsperikels ôf, wol in folweardich partner wêze, wol bettere gemeentefinânsjes en mear beliedsfrijheid foar gemeenten.

Elkoar helpe

"De goed tachtich gemeenten yn dizze gearwurking binne net allegear gelyk, mar we sjogge nei wêr't we kennis en ekspertize útwikselje kinne", seit Agricola. "Sels ha we net alle wiisheid yn pacht, mar op guon punten rinne we wol tsjin deselde problemen oan. Troch kennis te dielen kinst elkoar helpe."
It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
It hat ek foardielen om in lytse gemeente te wêzen, seit de K80: lytse gemeenten steane tichtby de boargers, binne manûvrearber en hawwe mear omtinken foar de minsklike maat.

Tal fan gemeentlike gearwurkingen

De K80 is bepaald net de earste gemeentlike gearwurking dêr't Fryske gemeenten oan dielnimme. Sa hearre De Fryske Marren, Noardeast-Fryslân, Opsterlân, West- en Eaststellingwerf by de P10, in gearwurking fan de grutste plattelânsgemeenten.
Yn it noardeasten bestiet it Agenda Netwerk NoordOost (ANNO) mei Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel. En yn it súdeasten wurkje Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân gear yn OWO-ferbân. Alle gemeenten sitte boppedat yn de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG).
It is nedich om ús better foar it deiljocht bringe te kinnen.
Klaas Agricola
"Dit ferbân wie nedich omdat der dochs wat in leechte wie yn de belangebehertiging fan de lytsere gemeenten", seit Agricola. "It is nedich om ús better foar it deiljocht bringe te kinnen."
Rûnom yn it lân is it tal gearwurkingsferbannen tanaam. Dat liket in ferbân te hawwen mei it feit dat gemeenten yn de ôfrûne jierren folle mear taken fan it Ryk krigen hawwe.

Unfrede oer it gemeentefûns

Dêr komt by dat it gemeentefûns op in oare wize ferparte wurdt. It komt der op del dat gemeenten mear op de sinten lette moatte en somtiden hat dat grutte gefolgen, bygelyks foar it sosjaal domein.
It idee foar de K80 is ek ûntstien út dizze ûnfrede oer it gemeentefûns, dêr't gemeenten har Ryksjild út krije. De nije ferdieling pakt negatyf út foar lytse gemeenten.
De K80 wol dan ek benammen de 'opskalingskoarting' kwyt. Troch fúzjes soene gemeenten jild besparje kinne, sa wie jierren lyn it idee. Fan dy fúzjes is it lang net altyd kaam, mar it koartsjen yn it jild fan it gemeentefûns is wol trochset. Dat betsjut simpel sein: minder jild foar lytse gemeenten.
Op watfoar knop je ek drukke, der binne altyd gemeenten dy't der minder fan wurde.
Klaas Agricola oer de werferdieling fan it jild
Agricola: "Der wurdt sein dat je nei in fúzje goedkeaper wurkje kinne, mar yn de praktyk blykt dat net altyd sa te wêzen. Dy opskalingskoarting is foar it totale Nederlânske gemeentlike bestel net goed."
Dy werferdieling fan it gemeentefûns moat neffens him hielendal fan de baan. "Je kinne it pas werferdiele as der mear jild komt. No ferskowe se allinnich mar problemen. Op watfoar knop je ek drukke, der binne altyd gemeenten dy't der minder fan wurde."
De gemeenten yn de K80 fine dat skaalfergrutting foar bestjoerlike ynrjochting syn langste tiid hân hat. It kabinet hat lytse gemeenten mooglik sels ferwaarleazge, stiet yn it position paper fan de K80.