Fan takom moandei ôf rydt Arriva mei minder treinen tusken Ljouwert en Snits. Troch corona is it syktefersom grut by de ferfierder en dêrom is it roaster net mear rûn te krijen.
Yn de rjochting Ljouwert-Snits ferfalle de treinen fan 07.07, 15.07, 15.37, 16.07, 16.37, 17.07, 17.37, 18.07, 18.53 en 19.53 oere. De oare kant op ride de treinen net om 07.36, 08.06, 08.36, 09.06, 19.36 en 20.18 oere.
De beheinde tsjinstregeling jildt foarearst oant en mei 13 maart.