Minste ekonomyske groei fan Nederlân yn 2021 yn noardlik Fryslân

Yn 2021 is de ekonomy yn de regio Noard-Fryslân it minst tanaam fan alle Nederlânske regio's, sa docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
© Shutterstock.com (Jirsak)
De groei fan de ekonomy wie yn it noardlike part fan de provinsje mar 3 persint. Neffens it CBS hat yn dizze regio minder ekonomyske ferbettering west, om't de bedriuwstakken dy't yn 2020 it swierst troffen waarden hjir it lytst binne.
Yn it súdwesten fan de provinsje naam de ekonomy mei sa'n 4 persint ta, yn it súdeasten naam de ekonomy mei sa'n 5 persint ta.
De grutste tanimming wie yn de regio Haarlemmermeer, dêr't de ekonomy wol mei sa'n 9 persint tanaam. Dat hie dêr benammen te krijen mei de loftfeartekonomy.

Ferlykber mei foar de krisis

Yn hast alle regio's is de omfang fan de ekonomy wer te ferlykjen mei de situaasje fan twa jier lyn, foar de coronakrisis. De situaasje fan 2021 ferlike mei 2019, lit sjen dat de groei yn Noard-Fryslân lyk bleau, yn Súdwest-Fryslân mei 1 persint tanaam en yn Súdeast-Fryslân mei 2 persint tanaam.