Wyksifers: Tal positive coronatests rint hieltyd fierder werom

It RIVM hat de ôfrûne sân dagen 14.170 positive coronatests registrearre by Friezen. Dat is in flinke ôfnimming ferlike mei in wike earder (23.575). It tal sikehûsopnamen bleaun likernôch lyk.
© ANP
Yn trochsneed waarden yn de ôfrûne wike alle dagen 2.024 besmettingen meld. Ferline wike wie dat trochsneed 3.368, noch in wike earder 4.526.
De measte besmettingen binne de ôfrûne sân dagen fêststeld yn de gemeente Ljouwert: 2.781. Dêrnei wienen de measte positive tests fan ynwenners fan Súdwest-Fryslân (1.487) en Smellingerlân (1.440).

Relatyf de measte besmettingen op Flylân

It tal besmettingen is relatyf it heechst op Flylân. Foar alle 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 3.290 besmettingen fêststeld. Dêrnei komme Tytsjerksteradiel (2.646), Achtkarspelen (2.572) en Smellingerlân (2.562) mei yn ferhâlding de measte positive tests.

Trije stjergefallen

Yn de ôfrûne wike binne trije Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Der binne 47 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne fjouwer minder as in wike earder, doe gong it om 51 opnamen.
Sûnt mids jannewaris brûkt it RIVM net mear de gegevens fan de GGD'en foar de sikehûssifers, mar de gegevens fan stichting NICE (Nationale Intensive Care Evaluatie). Dy sifers binne krekter.
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Mei de 14.170 positive tests fan de ôfrûne wike is no yn totaal 206.122 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 595. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Faksinaasjegraad 81 persint

De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 81 persint folslein faksinearre (mei of sûnder boosterprik). Lanlik leit it op 84,9 persint.
De gemeenten mei de leechste faksinaasjegraad ûnder tolveplussers binne Dantumadiel en Achtkarspelen (beide 75 prosint) en Noardeast-Fryslân (78 prosint).

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

Wike Besmettingen Stjergefallen
18 febrewaris - 24 febrewaris 14.170 3
11 febrewaris - 17 febrewaris 23.575 3
4 febrewaris - 10 febrewaris 31.681 0
28 jannewaris - 3 febrewaris 14.458 2
21 jannewaris - 27 jannewaris 9.473 1
14 jannewaris - 20 jannewaris 5.846 1
7 jannewaris - 13 jannewaris 6.206 3
31 desimber - 6 jannewaris 3.577 4
24 desimber - 30 desimber 3.095 6
17 desimber - 23 desimber 4.140 19
10 desimber - 16 desimber 4.530 23
3 desimber - 9 desimber 5.524 9
26 novimber - 2 desimber 5.927 8
19 novimber - 25 novimber 6.295 8
12 novimber - 18 novimber 4.432 6
6 novimber - 11 novimber 3.565 2
30 oktober - 5 novimber 1.950 3
22 oktober - 29 oktober 1.603 3
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17