Trije oanhâldings nei sjitynsidint en fynst himpkwekerij yn Feanwâlden
De plysje hat freed trije minsken oanholden nei in sjitynsidint en de fynst fan in himpkwekerij yn Feanwâlden. Ien persoan waard nachts oanholden nei in lange efterfolging, de oare twa letter op de dei.

De plysje krige flak foar 3.00 oere in melding fan in ynbraak yn in bedriuwspân oan de Suvelstrjitte, dat leit yn it yndustrygebiet fan Feanwâlden. By dy ynbraak is sketten.
Efterfolging oer de Ofslútdyk
In buske dat mooglik belutsen wie by de ynbraak waard letter sjoen op de A31, by de Ofslútdyk. Nei in efterfolging oant yn Zwaag (Noard-Hollân) is dat buske ta stilstân brocht, wêrnei't de plysje in fertochte oanholden hat. Dat giet om de bestjoerder fan it buske, in man fan 21 út Hoorn.

De man wurdt fertocht fan mooglike belutsenheid by it sjitynsidint en it besykjen ta it ynbrekken. Hy sit op it stuit fêst.
Twa oanhâldings foar himpkwekerij
By ûndersyk yn Feanwâlden waard dúdlik dat der in himpkwekerij mei sa'n 600 planten yn it gebou siet. Dêrfoar binne in man fan 61 jier (gjin fêst wen- of ferbliuwplak) en in 46-jierrige frou út Feanwâlden oanholden. Ek sy sitte fêst.
Ferbân wurdt ûndersocht
De plysje ûndersiket oft der in ferbân tusken de ynbraak, it sjitynsidint en de himpkwekerij is. Meardere oanhâldings wurde net útsletten.