Drokte by Fûgelhelling yn Oerterp: fûgels yn de stress fanwegen it stoarmwaar

Fûgelopfangplakken yn hiel Nederlân sitte sa goed as fol mei stoarmslachtoffers. De Fûgelhelling yn Oerterp fangt bisten op út Fryslân, mar ek út Noard-Hollân en Grinslân.
Sjoch hoe't se yn Oerterp de fûgels waskje en better meitsje:
Troch de stoarmen fan it ôfrûne wykein binne in soad wetterfûgels it lân op blaasd. Gefolch is dat se net mear op eigen krêft fleane kinne.
Om de fûgels wer better te meitsjen, krije se yn Oerterp fretten en wurde se wosken. Hetty Sinnema hat it der drok mei, fertelt se wylst se in hjerringslynder oan it waskjen is. "As dizze fûgels op it drûge komme, dan reitsje se ûnderkuolle en yn it slimste gefal krije se dan longûntstekking. Dêr kinne se oan deagean."
Ien fan de hjerringslynders © Omrop Fryslân
Se seach de drokte net oankommen. "En it duorret al in wike as twa. We ha sels fûgels krigen út de opfangen fan Haarlem en Krommenie, want dêr hienen se der gjin plak mear foar. Ferline wike hienen we al in stik as sechstjin binnen, dêr binne no wer fjirtjin by kaam. En dat komt boppe-op wat we sels al hienen."
De measte fûgels oerlibje ien stoarm noch wol, mar in twadde dêr fuort efteroan makket it in dreech ferhaal.
Hetty Sinnema
"Sa drok as no ha we it noch net earder meimakke", fertelt Sinnema. "Dit wie fansels ek in útsûnderlik hurde stoarm, mei fuort dêrnei wer ien. De measte fûgels oerlibje ien stoarm noch wol, mar in twadde dêr fuort efteroan makket it in dreech ferhaal."
Sinnema hopet dêrom dat it de kommende dagen wat rêstiger bliuwt. "We hoopje dat we de kommende dagen wat minder binnen krije. Dan kinne we earst dizze fûgels hielendal it proses troch helpe, foardat we wer nije fûgels krije."
Hetty Sinnema © Omrop Fryslân
In oare groep fûgels komt út Grins. Dat giet om in stel roeken: dy binne út in beam fallen. "Je soenen sizze dat se dan wol fuortfleane, mar ik tink dat se ferstive fan de eangst sitten bleaun binne. Se wisten net mear wat se dwaan moasten. In hiel tal is te pletter fallen. En de guon dy't hjir brocht binne, hienen bonken brutsen."
Se ha dêrom de measten ynsliepe litten. "Hiel tryst, hiel ferfelend. Dat is natuergeweld."

"Dêr dogge je it foar"

Mei de measte fûgels yn Oerterp giet it lykwols wer goed, fertelt Sinnema. "De earsten geane tongersdei wer los, dy sjogge der goed út en hoege hjir dus net langer te bliuwen. Dan meitsje se plak foar de folgjende groep, dy kinne dan nei in pear dagen ek wer nei bûten ta. Dêr dogge je it foar."