HEA! De minsken fan de biezemwein

De Fytsalvestêdetocht fan 2012 wie in bysûnderen ien foar frijwilligers Ineke en Harmen van der Veer. As sjauffeurs fan de biezemwein heinden se Wiebe Idsinga, 'de lêste fytser', op.
HEA! De minsken fan de biezemwein:
De Van der Veeren tinke noch wol gauris werom oan harren aventoeren mei Idsinga. De Frjentsjerter wie eins te let om noch foar tolven de finish yn Boalsert te heljen, mar woe net ophâlde.
Uteinlik hawwe Harm en Ineke Idsinga mei de biezemwein nei Boalsert brocht, dêr't hy dochs noch in medalje krige. Noch alle jierren sjogge se foar de Alvestêdetocht op Pinkstermoandei de reportaazje even werom. Idsinga is yn yntusken 75 jier en hoecht net wer op telefyzje fynt hy.