Bern fine granaat by magneetfiskjen yn Dokkum
Bern dy't oan it magneetfiskjen wienen, hawwe woansdeitemiddei in hângranaat út de Dokkumer Ie helle.

Troch de fangst waard it parkje oan de Van Kleffenstraat yn Dokkum tydlik ôfsletten. De Explosieven Opruimings Dienst Defensie (EODD) hat de granaat meinommen en ûnskealik makke. It is noch net dúdlik oft der echt sprake wie fan ûntploffingsgefaar.
Ferslachjouwer Ben de Jager oer de situaasje mei de granaat