Undernimmers oer coronatiid: "It is in bledside út in boek, mar wol in swarten"

De lêste coronaregels komme dit wykein te ferfallen. Ofstân hâlde hoecht net mear en ek mûlkapkes ferdwine, útsein yn it iepenbier ferfier. It jout ûndernimmers de romte om wer 'gewoan' te wurkjen. Yn de Midstrjitte op De Jouwer meitsje se alwer nije plannen om minsken werom te krijen.
Undernimmers pakke de tried wer op:
"Ik tink dat der wer mear minsken yn de winkel komme", seit Laura de Graaf. Se is midden yn de coronatiid in eigen kleanwinkel begûn, Plus size fashion by L. "Klanten fine it net noflik om mei in mûlkapke op te winkeljen. No't dat net mear hoecht tink ik dat it in stik drokker wurdt."

Gjin oerheidsstipe

De Graaf is der klear foar. It wie foar har gjin maklike tiid. Wie se kwealik begûn, siet se yn lockdown. Dochs foel it har net swier: "Ik hie al in webwinkel mei in soad fêste klanten. Dat wie in moaie basis. Dêrtroch koe ik dit dwaan."
Stipe fan de oerheid wie der net foar har. "Nee, want ik ha gjin omset draaid. Dan hast der gjin rjocht op. Mei help fan sparjild en de omset fan de webshop dy't goed trochdraaide, ha ik wol wat fertsjinne."
De Graaf is fol goede moed. "Ik wol ûndernimme. Ik fyn it ek hartstikke gesellich om mei klanten oan de slach te gean. Ik ha ynvestearre yn de nije kolleksje en mei de maitiid foar de doar wurdt it grif in stik drokker."
Laura de Graaf yn har kleanwinkel © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Efkes fierderop yn de Midstrjitte sit Café 't Hert. Jurjen Gulmans rommet de kopkes op dêr't de grienteboer fan de merk út dronken ha. Hy is bliid wer efter de taap te stean. "Ik bin derefter kaam dat dit echt myn fak is."

Boufakker

Gulmans krige yn it begjin fan de coronatiid in lytse útkearing. Krekt genôch foar de fêste lêsten. "Myn frou hat in baan en op basis dêrfan krige ik in útkearing fan noch gjin 100 euro. Doe ha ik se belle en sein dat se it wol hâlde mochten, mar ik wol net neat dwaan."
Hy koe wer oan de slach by syn âlde baas, fan 30 jier werom. "Boufakker, ja. Ik koe dêr myn âlde fak wer oppakke." Op de mominten dat it koe, stie hy yn de kroech.

Feest

No kin de kroech wer folút draaie. Ofrûne wykein wie it al grut feest. "It is krekt jong fee. Minsken fiele har wer frij." Mar soargen hat Gulmans ek wol: "Ik hoopje dat alle klanten weromkomme. In soad minsken ha in mancave makke of in dartboerd ophongen yn in garaazje. Ik hoopje echt dat je dy net kwyt binne." Hy bliuwt posityf, want dit wykein ferfalle foar him de lêste maatregels: "It wurdt grut feest."
Jurjen Gulmans yn it kafee © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Jilke Kooijker is eigener fan Terra 1888, in manljuskleanwinkel yn de Midstrjitte. "Ik ha wolris mei de holle op tafel lein de ôfrûne twa jier", jout hy ta. "Mar je betinke dan dat je in saak mei goed personiel hawwe. Dan komme je wer oerein en sette je troch."
Maklik wie it net foar him. It measte sparjild is op. Ynvestearje yn it pân sit der earst net yn. "We ha no krekt de nije kolleksje binnen. Dy moat wol betelle wurde."
Jilke Kooijker © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Oer safolle jier sjochst werom en tinkst: poeh, dat wie in minne tiid. It is wol in bledside yn je eigen boek. In swarte bledside, dat wol." Kooijker sjocht dan ek oars nei de takomst: "Earst tocht ik trije jier foarút. No in jier. Je witte net wat der komt. Ik fernim wol dat de enerzjy weromkomt."
Hy doelt op de oare ûndernimmers yn de Midstrjitte. Se meitsje wer plannen om aktiviteiten te organisearjen. "Je moatte de minsken hjir wer ha. Dat heart by De Jouwer. It is in moai winkelplak."