Wetteroerlêst: Wetterskip set spesjale oerrinpolder yn by Donkerbroek

De wetteroerlêst liket oer it hichtepunt hinne. Benammen it súdeasten en easten fan Fryslân hawwe noch lêst fan it hege wetterpeil. Op oare plakken sakket it wetter wer. Om problemen foar te kommen docht Wetterskip Fryslân yn de súdeasthoeke by Donkerbroek in berop op in spesjale wetterberging.
Wetterberging by Donkerbroek
Dy wetterberging is in polder fan sa'n 18 bunder grut dêr't it wetterskip sa'n 0,3 miljoen kúb wetter yn kwyt kin. Dêr wie grut ferlet fan. "Alle lytse bytsjes helpe, dus ek dizze wetterberging. It stie ús noch net ta de lippen, mar wy wolle skea foarkomme," seit Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân.
Yn de súdeasthoeke gie it wetterpeil hurd omheech. Flikkema: "Benammen fanwege de hurde wyn. It Drintsk plato soarge foar druk oan de oare kant. It wetter koe gjin kant op. De sitewaasje wie behoarlik unyk."

Ekstra kontrôle

Diken en kearingen wurde de kommende tiid ekstra kontrolearre om't se fol sitte mei wetter. It Woudagemaal op 'e Lemmer giet oant tongersdei troch mei ekstra meallen om wetter út de boezem kwyt te kinnen op de Iselmar.
De ferskillen yn Fryslân wienen grut. Tusken it westen en it easten siet bytiden mear as twa meter ferskil. Dat meitsje se net sa'n soad mei by it wetterskip.
De sitewaasje no is ûnder kontrôle. De wetterstannen sakje en ein dizze wike liket it peil wer normaal te wêzen. "Mar it bliuwt dweiltrochwiet yn de greiden," jout Flikkema oan.