UPDATE: Plysje hâldt fertochte oan wenningoerfal yn Ljouwert

De plysje hat in 39-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanhâlden as fertochte fan de wenningoerfal op 11 jannewaris oan de Waling Dijkstrastrjitte yn Ljouwert. By dy oerfal moast in âldere frou har pinpas en koade ôfjaan.
© ANP Foto
De man waard filme doe't er mei de stellen pas jild pinde.
In bewenster fan de strjitte moast yn jannewaris ûnder bedriging fan in mes har pinpas ôfjaan. Mei de pas waard koart dêrnei in flink jildbedrach opnaam. Der wiene kamera-opnames fan de pintransaksje.
Plysjewurdfierder Sascha Suselbeek
De plysje dielde de ôfrûne tiid de bylden fan de pinnende man op sosjale media. Ofrûne moandei kaam de oankundiging dat de bylden yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht komme soene. Dat allinnich al smiet mear as tsien tips op. Ferskate kearen waard de naam fan deselde fertochte neamd. En dêrom waarden de bylden net mear toand op telefyzje.