HEA! Freontsjes ha eigen boubedriuw yn Wommels

Rudmer, Roan, Marèn, Ids en Wybren fan Wommels ha harren eigen bedriuwke oprjochte: BouwSchoon. Se dogge allerhanne putsjes. Se ha wurkoerlizzen, meitsje in planning en ha in eigen boukeet.
Rudmer, Roan, Marèn, Ids en Wybren fan Wommels ha harren eigen bedriuwke oprjochte:
De freontsjes binne tusken de seis en acht jier en nimme it wurk serieus. De taken binne goed ferdield en somtiden moat der wol ekstra oerlein wurde, want de manlju binne it net altyd iens. Letter wolle se yn it echt ek sa'n bedriuw yn it grut opsette.