Kommandeurskip foar Ireen Wüst, priizgjende wurden foar Sven Kramer
Reedrydster Ireen Wüst is beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De ûnderskieding waard har tiisdei útrikt by de huldiging fan de Olympyske medaljewinners yn de Ridderseal yn Den Haag.

Alle medaljewinners waarden by de gearkomste beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Omdat Ireen Wüst dy ûnderskieding by in eardere Olympyske medalje alris krigen hie, wie der foar har in hegere ûnderskieding. Minister Conny Helder fan Sport rikte de ûnderskiedingen út namme fan de kening út.
Sven Kramer ek neamd
Mei minister-presidint Mark Rutte ûntfong Helder de sporters en beide sprutsen se ek ta. Rutte hie dêrby ek priizgjende wurden foar Sven Kramer. Hy wûn gjin medalje, mar waard fanwege syn jierenlange reedrydprestaasjes dochs neamd.
Nei de gearkomste yn de Ridderseal reizgen de sporters troch nei Paleis Noordeinde. Dêr waarden se ûntfongen troch kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. Op it bordes fan it paleis waard mei in keninklik pear in groepsfoto makke.