CDA Ljouwert wol ûndersyk nei drugs yn rioelwetter

It CDA yn Ljouwert pleitet foar ûndersyk nei drugs yn it rioelwetter. Sa kin fêststeld wurde hoe't it stiet mei it drugsgebrûk yn de ferskate wenwiken fan de gemeente. As it oan de fraksje leit, bart it rioelwetterûndersyk aansten yn de hiele provinsje.
© ANP
It soe benammen gean om drugs lykas kokaïne, heroïne, methamfetamine, mar ek om himp. Neffens Sytse Brouwer, fraksjefoarsitter fan CDA Ljouwert, komme der in protte sinjalen fan drugsgebrûk út de wenwiken wei. Dêrom wol de partij yn Ljouwert dat in spesjaal ûndersyksburo aansten meunsters docht yn ferskate wenwiken.
Dêrmei wurdt net allinne dúdlik om hokker drugs it giet: se kinne ek sjen om hoefolle drugs it krekt giet. "As je ien kear witte dat der yn in buert in protte drugs brûkt wurdt, kinne je dêr belied op meitsje", seit Brouwer. "Bygelyks mei maatskiplik wurk, of troch mei de plysje op te treden."

'Jongerein bûten de boat'

"We ha yn Ljouwert in soad jongeren dy't bûten de boat falle om't se ferslave binne oan kannabis en hasj", ûnderstreket de fraksjefoarsitter. "Dat soarget ek foar fersteuring fan húshâldens, foar drugspannen of foar dealers op strjitte."
It ûndersyk nei it rioelwetter is lykwols djoer. Dêrom moat it rioelwetterûndersyk neffens Brouwer aansten plakhawwe yn de hiel provinsje. Oare gemeenten ha ek te krijen mei de problematyk: it spilet like goed yn plattelânsgemeenten, sa seit Brouwer. Boppedat kinne je dan de kosten diele.
It foarstel foar it drugsûndersyk wurdt takom maitiid behannele yn de Ljouwerter ried.
Sytse Brouwer fan CDA Ljouwert oer it ûndersyk nei drugs yn it rioelwetter