Bowlsklup Drachten hopet mei te profitearjen fan stjoertiid curling

It is in sport mei sa'n 300 oant 400 wedstriidspilers yn hiel Nederlân: bowls. De bowlsferiening fan Drachten hopet dat it omtinken foar curling by de Winterspelen in posityf effekt hat op it tal spilers.
De jack en de bowls © Shutterstock.com (Toby Tande)
Bowls kin hiel rûchwei nammentlik omskreaun wurde as in soart mjuks tusken curling en jeu de boules, seit Marga Huisman fan de Bowlsvereniging Smallingerland. Dy organisearje tiisdei it noardlik kampioenskip bowls.
"In bowl hat wat de foarm fan in Edammer tsiis. Dy rôlje je fuort oer in grien tapyt fan 4 meter breed en 30 meter lang. De bedoeling is dat je sa ticht by in lyts baltsje komme, de jack."

Mear as goed mikke

Mar krekt as by it curling is it mear as allinnich goed op it baltsje mikke. "Want de tsjinstanner besiket ek om dyn bowls fuort te spyljen, as dy yn geunstige posysje lizze."
Op it noardlike kampioenskip spylje se yn trijetallen en elk hat trije bowls: yn totaal dus njoggen kânsen om sa ticht mooglik by de jack te kommen.
Dit filmke fan it wrâldkampioenskip bowls yn 2020 gong de hiele wrâld oer:
De Drachtster feriening hat moandei de spylhal klear makke foar it toernoai fan tiisdei. It sil wer even wennen wêze, want ek de bowlswrâld lei de ôfrûne tiid foar in part stil. Huisman: "De measten sitte wol wat yn de kwetsbere groep en ha twa jier binnen sitten. Dat ha we ek wat fernaam yn de opjeften foar it toernoai: gewoanwei ha we tweintich teams, no sechstjin."
Marga Huisman © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"Mar it is hiel moai dat we wer los kinne, we ha der nocht oan." De teams komme út in grut part fan noardeastlik Nederlân: Drachten, Oldenzaal, Henglo, Renkum en sels Almere.

Mear bekendheid

Huisman hopet dat mear minsken entûsjast wurde. "It is noch sa ferskriklik ûnbekend. Minsken dy't it in kear besocht ha, fine it fantastysk. Dy binne hiel gau ferkocht. We besykje der mear bekendheid oan te jaan."
Om fuort te bordueren op it noardlike kampioenskip hâldt de feriening dêrom woansdeitemoarn noch in promoasjemomint. "Elkenien kin dan delkomme yn sporthal De Drait en it sels in kear besykje. Dan fernimme je ek dat it fysyk net dreech is, it is in echte presysysport."