Suvel wurdt djoerder: boeren krije mear betelle en grûnstoffen kostje mear

Neffens suvelkonsern FrieslandCampina sil de priis fan suvelprodukten de kommende tiid omheech gean. Dat seit suvelkonsern FrieslandCampina, dat tiisdei de jiersifers presintearre.
Friesland Campina © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dat molke, fla en brij djoerder wurde, komt ûnder mear trochdat FrieslandCampina de boeren mear betelje moat foar de molke.
Dêrneist binne grûnstoffen lykas kakao en fanylje djoerder wurden, om't der hieltyd mear fraach is nei dizze produkten. It bedriuw hat boppedat te krijen mei hegere enerzjykosten.

Prizen al ferhege

De winst en de omset fan it suvelbedriuw namen it ôfrûne jier wol ta, mar dat kaam foar in part trochdat de prizen doe al heger makke wiene. It is noch net dúdlik mei hoefolle de suvelprodukten omheech geane. Dat hinget ek ôf fan wat de supermerken freegje sille foar de suvelprodukten.