Kust wurdt noch hieltyd ekstra yn de gaten holden

Rykswettersteat en de wetterskippen hâlde de kust fan ûnder oare Fryslân tiisdei noch ekstra yn de gaten. Der wurdt opnij in krêftige súdwestewyn ferwachte, mei wynkrêft 6.
Heech wetter yn de Waadsee ôfrûne wike © Kappers Media
Dunen en seewarrings ha de ôfrûne dagen al skea oprûn troch de stoarmen Dudley, Eunice en Franklin. Wetterskippen binne ek tiisdei noch drok dwaande mei it opknappen fan de skea.
It wetterpeil yn ûnder oare de Iselmar stiet noch heech. Benammen de noardlike provinsjes, wêrûnder Fryslân, ha te krijen mei wetteroerlêst. De sleatten steane fol en it reinwetter komt mar muoisum fuort. De gemalen draaie op folle krêft om it wetter fierder ôf te fieren, dêrtroch nimt de wetterstân yn de Iselmar noch mear ta.
Net allinnich yn Fryslân binne de wetterbehearders ekstra alert. Dat jildt ek foar Noard- en Súd-Hollân en Grinslân. Grutte problemen wurde der net ferwachte.

Faker problemen

Ein jannewaris soarge stoarm Corrie ek al foar heech wetter, skea en dúnôfslach. Ofrûne wike stelde Wetterskip Fryslân dykbewaking yn tusken Surch en Swarte Haan fanwegen de hege wetterstân.