Planetarium krijt Riemersma-oerwurk: 19e-iuwske klok mei 12 funksjes

It wie moandei blydskip wat de klok sloech yn it Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. It museum hat der in bysûndere oanwinst by: it Riemersma-oerwurk.
It oerwurk is folle weardefoller as in gewoane klok:
It oerwurk is makke op basis fan in besteande Fryske sturtstikklok, leit direkteur Adrie Warmenhoven fan it Planetarium út. Mar dochs it it oerwurk folle weardefoller as in gewoane klok.

Meindert Riemersma

De makker is Meindert Riemersma (1838-1908), dy't njonken loazjeminthâlder fan it kafee De Koornbeurs ek oerwurkmakker wie. Hy wie berne yn Kollum, as soan fan komelker Ebbele Meinderts Riemersma en Antje Douma.
Meindert Riemersma en Dieuwke Laskewitz © Koninklijk Eise Eisinga Planetarium
Warmenhoven: "In 1881 heeft hij de klok zo uitgebreid dat er een enorme hoeveelheid aan functies aan toegevoegd is. Je kunt niet alleen de tijd aflezen, maar ook de schijnstand van de maan, eb en vloed, jaartallen tot zevenduizend jaar in de toekomst. Het is een enorm compleet uurwerk."

12 jier wurk, 12 funksjes

Riemersma hat sa'n tolve jier oan de klok wurke. Yn totaal hat de klok ek tolve funksjes, mei slach- en spulwurk. "Hij heeft zelfs bedacht dat de klok 's nachts uitgezet kan worden zodat hij en zijn vrouw rustig konden slapen."
De hantekening fan Meindert Riemersma © AlleFriezen | Tresoar
Doe't de klok klear wie, stie it 20 jier yn it kafee dat Riemersma tegearre mei syn frou Dieuwke Laskewitz hie.

Reis fan de klok

Nei't Meindert Riemersma yn 1908 ferstoarn wie, hat syn widdo de klok yn 1917 skonken oan Stichting Museum en Archief Tijdmeetkunde. It waard opnaam yn de kolleksje oerwurken by it Stedelijk Museum yn Amsterdam.
Yn 1953 waard de klok yn brûklien jûn oan it Catharijne Convent yn Utrecht en yn 1978 ferhuze it nei it Klokkenmuseum yn Schoonhoven. Yn 2013 moast dat museum slute, wêrnei't Stichting Tijdmuseum de kolleksje mei it Riemersma-oerwurk oernaam. Al dy tiid stie de klok yn it depot.
De oerpakesizzers by de klok © Omrop Fryslân
Dat wie de famylje Riemersma lykwols net nei 't sin. "Ik werd benaderd door de achterkleinzonen van de maker. Zij wisten van het uurwerk. De klok heeft bijna een eeuw in depot gestaan, zwervend door Nederland. Zij wilden het uurwerk graag weer aan het publiek laten zien, maar het liefst ook in Fryslân", fertelt Warmenhoven.

Werom nei syn Fryske roots

"Uit de overlevering van oma en vader wisten we wel waar de klok gebleven was. Wij vonden het heel normaal dat een klok die in Kollum gemaakt is weer terug moet gaan naar z'n roots. Kollum heeft ook een museum, maar daar liepen de besprekingen vast. Toen kwam het Planetarium in beeld", lizze oerpakesizzers Thomas en Anton Lijfering út.
Ik heb dit verhaal nooit geweten, maar het heeft diepe indruk op mij gemaakt. Ik ben trots op onze overgrootvader.
Oerpakesizzers fan Meindert Riemersma
Sy hawwe grut respekt foar wat oerpake yninoar set hat. "Het is uniek zoals hij dit ontdekt en uitgewerkt heeft. Ik heb dit verhaal nooit geweten, maar het heeft diepe indruk op mij gemaakt. Ik ben trots op onze overgrootvader en dat deze klok openbaar wordt in dit prachtige museum."
De klok komt tusken oare oantinkens oan Fryske amateur-astronomen en ynstrumintemakkers, lykas Sieds Johannes Rienks (1770-1845) en Roelof Hessels Hommema (1791-1854). Wol sil de klok noch restaurearre wurde moatte om de boel wer rinnend te krijen.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar wie by de presintaasje fan it oerwurk
"Wij laten in het Planetarium niet alleen het verhaal van Eise Eisinga zien, maar ook de geschiedenis van uurwerkmakers. Hoe mooi past deze klok wel niet in dat verhaal. Het is een prachtige verbinding", beslút direkteur Warmenhoven.