Liveblog | 22 febrewaris

Coronanijs 22 febrewaris: Lanlik 34.638 nije besmettingen | NEF ferlinget regeling terrasútwreiding

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn it noarden wurde yn ferhâlding de measte coronagefallen fêststeld;
  • Tiisdei binne der yn Fryslân 1.733 coronabesmettingen meld;
  • Gemeente Noardeast-Fryslân ferlinget tydlike regeling terrasútwreiding;
  • It tal oernachtingen yn Fryslân lei yn 2021 op itselde nivo as foar de krisis;
  • Der leine moandei 42 pasjinten mei COVID-19 yn de Fryske sikehuzen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 22 febrewaris, 22:27
tiisdei 22 febrewaris
22:26

Ein fan de liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
17:48

Raad van State: tydlike coronawet kin net folle langer ferlinge wurde

It momint wêrop't de tydlike coronawet net mear ferlinge wurde kin komt tichter by, seit de Raad van State yn in nij advys.
De Tijdelijke wet maatregelen Covid-19 (Twm) is de juridyske basis foar de coronamaatregels en moat elke trije moannen ferlinge wurde. De wet rint oant 1 maart, it kabinet hat al oanjûn de wet noch oant 1 juny ferlingje te wollen. De ried hat begryp foar it ferlingjen, mar freget ek wannear 't er wol of net mear sprutsen wurde kin fan in krisissituaasje. "De vraag is wanneer nog sprake is van een 'directe dreiging' en op welk moment de huidige crisis overgaat in een (min of meer) normale situatie."
Neffens de ried moat de besteande Wet publieke gezondheid (Wpm) "zo snel mogelijk" oanpast wurde, sa't de tydlike wet net mear nedich is.
17:24

Measte coronagefallen wurde yn it noarden fêststeld

Yn it noarden wurde yn ferhâlding de measte coronagefallen fêststeld. Neffens it RIVM komt dat trochdat de noardlike provinsjes de ôfrûne tiid krekt de minste besmettingen hiene. Oare parten fan it lân hiene yn de ôfrûne moannen in protte positive tests en dêr binne no mear minsken ymmún foar it coronafirus.
Neffens berekkeningen fan it RIVM wie ôfrûne wike yn Fryslân ien op de fjirtich minsken besmet mei it coronafirus. Rotterdam-Rijnmond hie yn ferhâlding de minste besmettingen. Dêr giet it om ien op de tachtich minsken.
16:54

Hieltyd minder minsken helje in boosterprik

De delgong yn it tal minsken dat in boosterprik tsjin it coronafirus set troch. Yn de ôfrûne wike krigen hast 65.000 minsken sa'n prik, dy't de beskerming tsjin it coronafirus ferbetterje moat. It is leechste tal sûnt novimber.
In moanne lyn waarden mear as ien miljoen nije prikken de wike set. Hast 8,8 miljoen folwoeksenen ha no in boosterprik helle. Dat is 61,5 persint fan alle Nederlanners dy't 18 jier of âlder is.
In frou krijt in faksinaasje © Omrop Fryslân
16:21

Reproduksjegetal op leechste nivo sûnt july

It coronafirus ferspriedt hieltyd minder gau. It reproduksjegetal is sakke nei 0,83, dat betsjut dat elke 100 besmette minsken yn trochsneed 83 oare minsken besmette. Dat betsjut dat it tal besmettingen nei ferrin fan tiid sakket.
Ferline jier yn july wie it reproduksjegetal op syn heechst: yn de 'dansen met Janssen'-besmettingsweach kaam it reproduksjegetal op 3,02 út.
16:08

Tal besmettingen rinne rap werom en ek minder sikehûsopnames

De omikrongolf fan it coronafirus nimt rap ôf. Yn de ôfrûne sân dagen binne der 310.044 positive testútslaggen registrearre. Dat is 37 persint minder as in wike earder, medlt it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM). Is ek it leechste tal positive testen yn ien wike fan de ôfrûne fiif wiken.
It tal positive tests sakket dêrmei foar de twadde wike op rige. "De daling in de besmettingsgolf lijkt ingezet", konkludearret it RIVM dan ek.
Yn de ôfrûne wike rekken 1214 minsken yn it sikehûs mei it coronafirus. It is in delgong fan 12 persint yn ferliking mei in wike earder.
15:31

1.733 nije coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM meldt tiisdei 1.733 nije coronabesmettingen yn Fryslân. It binne der 257 minder as moandei. Doe waarden 1.990 besmettingen registrearre.
Der binne twa stjergefallen meld yn Fryslân as gefolch fan it coronafirus. Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik binne der 34.638 nije besmettingen fêststeld. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 44.306.
14:27

Wer wat mear coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen

It tal coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen is tiisdei wer wat oprûn. Der lizze 1626 coronapasjinten yn it sikehûs, 15 mear as moandei. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
Al mear as in wike leit it tal coronapasjinten om ende by de 1600. Fan it tal pasjinten dat tiisdei yn it sikehûs leit, lizze der 1455 op in ferpleechôfdieling. Der lizze 171 pasjinten op in ic-bêd.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
12:17

Minder poppen faksinearre tsjin ynfeksjesyktes, RIVM bytsje ûngerêst

De faksinaasje fan poppen tsjin ynfeksjesyktes lykas bof, mûzels en polio is ferline jier in prosint sakke. Dat meldt it RIVM. It liket der neffens it ynstitút op dat de coronapandemy gjin grutte gefolgen hân hat foar it Ryksfaksinaasjeprogramma, mar hielendal wis is it der ek net fan.
"Deze cijfers stemmen tot enige ongerustheid, dus het is belangrijk om alert te blijven. Zeker als de (lichte) daling bij baby's in 2022 doorgaat", seit it RIVM.
It RIVM tinkt dat de coronamaatregelen mooglik ynfloed hân hawwe op de opkomst foar faksinaasjes. De faksinaasjekampanje tsjin it coronafirus soe ek licht ynfloed hân hawwe kinne, om't der yn de maatskippij in soad diskusje west hat oer coronafaksinaasjes.
11:45

Gemeente Noardeast-Fryslân ferlinget tydlike regeling terrasútwreiding

De gemeente Noardeast-Fryslân hat besletten om de tydlike regeling 'terrasuitbreiding' te ferlingen. De regeling joech hoarekaûndernimmers mear romte foar it ynrjochtsjen fan harren terrassen, it moast dêrmei foaral makliker wurde om de terrassen coronaproof yn te dielen.
© Omrop Fryslan, Auke Zeldenrust
"De beperkingen gaan er gelukkig steeds meer af. We zijn op de goede weg. Maar horecaondernemers hebben 2 zware jaren achter de rug. Daarom willen we als gemeente alles doen om hen ook de komende tijd te helpen", seit wethâlder Jelle Boerema fan de gemeente.
Foar undernimmers dy't yn 2020 of 2021 al tastimming krigen hawwe foar in tydlike terrasútwreiding, wurdt de regeling automatysk ferlinge oant en mei 31 desimber 2022.
07:55

Lanlik wyksifer rint fierder werom

Yn Nederlân binne de ôfrûne wike goed 300.000 besmettingen mei it coronafirus fêststeld. Dat is it leechste tal yn sawat in moanne. De omikronweach liket dêrmei fierder ôf te swakjen.
It RIVM meldt alle tiisdeis hoefolle positive coronatests oft der yn de sân dagen dêrfoar registrearre binne. Hjoed komme dy wyksifers foar de 86e kear. Ferline wike melde it RIVM 493.055 positive tests, dat wie doe al 22 prosint minder as de wike dêrfoar.
It sluten fan de teststrjitten troch de stoarmen de ôfrûne dagen hat neffens it RIVM en de GGD'en net in soad effekt op de sifers fan dizze wike.
07:30

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan tiisdei 22 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.