Taalspultsjes Wordle en Wurdian no ek yn it Frysk

De populêre taalspultsjes Wordle en Wurdian binne der no ek hielendal yn it Frysk. De spultsjes binne sûnt moandei, net tafallich op Ynternasjonale Memmetaaldei, te spyljen.
Van den Berg spilet Wurdian © Eigen foto
Wurdian is in Fryske ferzje fan it al jierren populêre spultsje Wordfeud. Wordle is in nij, rap groeiend spultsje. De Fryske ferzje fan dat spultsje is ûntwikkele troch studint Jelle Besseling.
De app Wurdian wie der al langer. Fries om utens Ronald van den Berg wennet yn Stockholm, en hat syn eigen ferzje fan Wordfeud yn trije talen ûntwikkele. Yn gearwurking mei de Afûk hat it spultsje no ek in folslein Fryske omjouwing. Dêrnjonken hat Wurdian in ynboud taallearmiddel, wêrmei't net-Frysktaligen ek fan it spultsje leare kinne.

Wordle wurdt Wurdl

It online wurdspultsje Wordle is de ôfrûne tiid rap populêr wurden, mar der wie noch gjin Fryske ferzje fan. No is der neist in Ingelske en in Nederlânsktalige ferzje dus ek in offisjele Fryske ferzje, mei de namme Wurdl. It spultsje is fergees en kin sûnt moandei, op Ynternasjonale Memmetaaldei, spile wurde op dizze webside.