Earrebarrestichting baalt fan beskuldigingen: "Gerommel yn 'e marzje"

Earrebarren foarmje in bedriging foar de pykjes fan greidefûgels. Dat seit it bûn Fryske fûgelwachters (BFVW). Neffens Haye Folkertsma fan earrebarrestichting It Eibertshiem is dy beskuldiging net terjochte.
Earrebarre © Shutterstock.com
"Der binne absolút net te folle", seit Folkertsma. "Ik leau dat wy yn hiel Nederlân 1.200 pearkes earrebarren hawwe. Om in ferliking te meitsjen, der binne 12.000 pearkes blauwe rigers."
Hy fernimt dat de tendins hieltyd faker is om earrebarren de skuld te jaan fan minne jierren foar greidefûgelsoarten. Bygelyks as der minder pykjes fan greidefûgels it nêst ferlitte. "It wurdt wol faker suggerearre, it hat neffens my te krijen mei ûnkunde, of de ien ropt it en de oar nimt it foar wier oan." Neffens him is it "gerommel yn de marzje": de ynfloed fan de earrebarren soe minimaal wêze.
It wizen nei de earrebarren hat ûnder oare te krijen mei it uterlik en de bekendheid fan de grutte fûgels, seit Folkertsma. "Men sjocht der twa of trije yn de greide rinnen, dan falt er op en tinke minsken direkt dat er alle piken opfret. Mar dat falt goed ta."

160 pearkes yn Fryslân

It Eibertshiem is in stichting dy't oprjochte is om de earrebarren te rêden. "Yn 1970 wienen der gjin pearkes mear yn Fryslân, no binne it der likernôch 160. Je sjogge se dúdlik mear."
De ôfrûne dagen hie Fryslân te krijen mei stoarm Dudley, en dêrnei de noch krêftigere stoarm Eunice. De skea oan de earrebarrenêsten is lykwols beheind bleaun. "It is bjusterbaarlik gien. Der binne der wol mear, mar wy ha sicht op sa'n 80 nêsten. Yn Earnewâld binne twa nêsten út in beam wei waaid, yn Beetstersweach mar ien nêst. Dus dy sitte dochs fêster as 't wy tocht hiene."
Haye Folkertsma fan it Eibertsheim oer de earrebarre