Doeksen past feartsjinsten foar snein oan fanwegen folgjende stoarm Franklin

Eunice is noch mar krekt fuort, of der komt snein mooglik wer in nije stoarm: Franklin. Rederij Doeksen hâldt opnij rekken mei hurde wyn en hat foar snein ferskate feartsjinsten skrast.
Heechwetter Flylân © Omrop Fryslân, Karen Bies
De feartsjinsten fan Harns nei Skylge om 19:40 (de sneltsjinst) en 19:45 oere wurde skrast. Dat jildt ek foar de boat fan Harns nei Flylân fan 19:05 oere.
Fan de feartsjinsten nei de fêste wâl geane dy fan Skylge nei Harns om 17:30 oere, de boat fan Flylân nei Harns om 16:50 oere en de sneltsjinst fan Skylge nei Harns fan 18:35 oere net troch.

Dudley en Eunice

Tongersdei en freed wiene ek in soad feartsjinsten skrast fanwegen de stoarmen Dudley en Eunice.
By de hiele kust del wie de wetterstân sneontemoarn noch heech. It wetter berikt sneon it heechste punt yn it Noarden.