Snitsers moasten hûs út nei stoarmskea; "It is ien grutte ravaazje"

Yn de stoarm fan freed waaide in sydgevel fan in flat yn Snits folslein stikken. De skea wie yn dy wyk sa grut dat bewenners fan 20 wenningen evakuearre wurde moasten. In dei letter is de ravaazje goed te sjen.
Sjoch nei de reportaazje:
"Het is echt schrikken", seit wethâlder Erik Faber. "Ook voor de mensen die het overkomt. Je voelt je thuis in een veilig huis en dan gebeurt er zoiets. Dat geeft heel veel onzekerheid en onrust. Dat gaat me het meest aan het hart, hoe gaat het nu met de mensen. Dit moet snel worden hersteld."
De measte minsken koenen nei famylje, oaren binne yn in hotel opfongen. "Dat is gelukkig goed gekomen." Faber hat mei ferskate minsken praat.
De Pieter Sikkesstrjitte is ôfset om't it daklear oer de wenningen en op de grûn leit. De dyk is ôfset. "Mensen zijn al in gesprek met de verzekering, want ze hebben lekkage. Ik hoop dat de verzekeringsmaatschappijen snel in actie komen."
Wethâlder Erik Faber
Skea oan de Pieter Sikkesstrjitte yn Snits © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Yn de Pieter Sikkesstrjitte is it in ravaazje nei de stoarm. "De komplete dakbedekking en de ôfdekplaat fan de skoarstien leit hjir op it rantsje sa ast sjochst", seit ien fan de bewenners, Mattheus Nicolaas Kooistra.
It is ien grutte ravaazje, oeral lizze de flarden.
Bewenner Mattheus Nicolaas Kooistra
"We sieten lekker oan de hutspot en doe hearde ik wat lûden op in gegeven momint. Ik rûn nei de foarkeamer en dêr seach ik de heale dakbedekking fan de buorlju by ús yn de tún lizzen. It is ien grutte ravaazje, oeral lizze de flarden."
De bewenners moasten fuort har hûs út. Mei triennen yn de eagen moast er wachtsje hoe't it komt. "It is net leuk. De buorlju ha krekt it hûs ferkocht en dan leit it daklear derôf, dus der is ek lekkaazje."

Nije stoarm

Hy koe by syn âldste dochter de nacht trochbringe. "We moasten stante pede fuort dus we koenen neat meinimme." No moat er earst de fersekering belje en dan sjen hoe fierder. "Moandei krije we wer stoarm, dus maak je borst maar nat."
In bewenner fan de Pieter Sikkesstrjitte yn Snits
De gemeente melde sneontemoarn dat alle bewenners wer nei hûs meie. Bouw- en wenningtafersjoch fan de gemeente hat de hûzen ynspektearre en frijjûn.