HEA! De mannen fan it âld papier

Alle tongersdeis ride Rikus Hamstra en Folkert Wiersma mei in lytse frachtwein troch Dokkum. Op syk nei âld papier.
HEA! De mannen fan it papier:
Al jierren binne Rikus en Folkert frijwilliger foar it North Frisian Percussion Corps fan Dokkum. Se helje âld papier op en de opbringst giet nei it korps. Mei in soad wille skarrelje de mannen troch de stêd op syk nei âld papier. Mar Rikus en Folkert wurde in dei âlder. Se binne yn de 70 en hâlde der ynkoarten mei op. Saak is om no opfolging te finen.