Liveblog | 18 febrewaris 2022

Dit wie de stoarmdei yn Fryslân: koade read, skea op tal fan plakken

Stoarm Eunice raast freed oer Fryslân. Folgje yn dit liveblog de ûntwikkelingen.

  • Koade read is fan krêft yn Fryslân oant 3.00 oere fannacht;
  • Brânwacht yn aksje foar stoarmskea: fan omfallen beammen oant fuortwaaiende dakplaten;
  • Yn Snits binne sa'n tweintich wenten ûntromme fanwege stoarmgefaar;
  • Wetterskip Fryslân stelt dykbewaking yn tusken Surch en Swarte Haan;
  • Treinen (NS en Arriva) en bussen (Arriva en Qbuzz) ride net, Doeksen en Wagenborg farre minder.
Bywurke: 18 febrewaris 2022, 23:17
freed 18 febrewaris 2022
23:15

De ein fan de liveblog

Dit is foar no it lêste nijs dat wy yn dizze liveblog bringe oer it stoarmwaar. Moarnier binne wy der wer. Op Omrop Fryslân-radio is fan 08.00 oere ôf ek omtinken oan de stoarm, mei ûnder oare de brânwacht. Fansels bringe wy ek op ynternet en op de app wer it wichtichste nijs.
23:11

Wetterballet oan de Harnzer kust

Yn Harns binne dúdlik de gefolgen fan de stoarm Eunice en it springtij te sjen. De wetterstân is heech by de kust del. Ferskate wâlskanten binne ûnderstrûpt. De plysje hâldt tafersjocht by de kaai.
© CAMJO media
23:08

Bewenners fan ûntromme wenten sliepe jûn op in oar plak

23:07

Wetterlieding op It Amelân stikken

23:05

Yn de Ljouwerter Prinsetún is in beam yn it wetter bedarre

© Kappers Media
23:04

Op De Jouwer moast de Vegelinswei frijmakke wurde

© Noordernieuws
22:59

It wetterskip is op 'en paad

tongersdei 17 febrewaris 2022