Schoorstra: 'Het verhaal van Nederland' is negative byldfoarming en skiednisferfalsking

Hoe't de Friezen delset wurde yn de populêre NTR-telefyzjesearje 'Het verhaal van Nederland' doocht fan gjin kanten. Dat fynt de Fryske skriuwer Willem Schoorstra. Hy hat it boek 'Rêdbâd, kronyk fan in kening' skreaun oer de Fryske kening Redbad.
Willem Schoorstra © Omrop Fryslân
De searje op de NPO hellet hege sjochsifers. Dramasênes wurde ôfwiksele mei ferhalen fan saakkundingen. De tredde ôflevering gie woansdei oer de Friezen. Skriuwer Willem Schoorstra fan Ternaard en syn frou sieten mei grutte fernuvering te sjen wat de sjogger foarskûtele krige.
De searje is in mjuks fan dingen dy't wier en dy't net wier binne, seit Schoorstra. Dêrby leit de klam op net wier. Sa kaam der in sêne yn foar fan twa bern dy't offere waarden. Dêr doocht neat fan, neffens Schoorstra.

Byldfoarming

Der wiene doe noch wol heidenen, mar dat betsjut net automatysk dat der ek minsken offere waarden. En dat offerjen op himsels moat ek oars besjoen wurde. It net sasear deameitsjen, mar mear straffen.
Schoorstra: "Dat bern ferdronken waarden as offerjefte is optocht." Dat hat neffens him te krijen mei byldfoarming. Yn de tiid fan de kerstening wiene Bonifatius en Willibrord de hilligen en dêr moast in ferhaal omhinne komme. De hilligen diene wûnders en de heidenen diene minne dingen, lykas de opoffering dy't yn dizze ôflevering te sjen is.
Dat is de grutst mooglike ûnsin.
Willem Schoorstra oer dat Friezen harren bern offeren
Friezen wiene in Germaanske stam mei sibbefoarming. Kinst it sjen as in soart grutte famylje, fertelt Schoorstra. Bern wiene it alderwichtichste. Dy offerje jo net samar as de rispinge ôffalt. "Dat is de grutst mooglike ûnsin."
De NTR dekt him op de eigen site alfêst in bytsje yn tsjin dit soart beskuldigingen. It giet yn dizze searje om in ynterpretaasje, stiet dêr te lêzen. Se jouwe wol ta guon dingen oanpast of derby helle binne om de searje dramatysker te meitsjen.
Dêr moat Schoorstra neat fan hawwe: "It giet hjir om negative byldfoarming. De Friezen wurde as in semy-barbaarske maatskippij delset dêr't minsken harren bern ferdrinke as it lân te min opbringt."

Skiednisferfalsking

"En dy byldfoarming hat mear ynfloed ast tinkst. Wat de minsken hjir foar harren noas krije, is skiednisferfalsking." It steurt Schoorstra dat de NTR net op de ôftiteling set hat dat it om in ynterpretaasje fan de skiednis giet.
Willem Schoorstra