Hurdfytster Anouska Koster tredde by seizoensiepener

Anouska Koster fan De Westereen is tongersdei tredde wurden by de earste etappe fan de Volta Comunitat Valenciana foar froulju. De Spaanske rittekoers is de earste wedstriid fan it nije hurdfytsseizoen.
Anouska Koster © Orange Pictures
Op it heuveleftige parkoers yn Gandia slagge it Koster om foaryn de wedstriid te kommen. De rydster fan Team Jumbo-Visma kaam úteinlik as tredde oer de einstreek efter Elisa Balsamo út Italië en Ruby Roseman-Gannon út Australië.
Yn de Volta Comunitat Valenciana steane noch trije etappes op it programma.