Freed yn Peking: gjin Friezen, wol medaljekânsen foar Nederlân

De Fryske olympiërs ha freed gjin wedstriden op it programma stean. By it reedriden lizze der foar Nederlân wol genôch medaljekânsen.
Thomas Krol is favoryt by de bookmakers © ANP
Thomas Krol, Hein Otterspeer en Kai Verbij binne allegear titelkandidaten op de 1.000 meter. Op it Olympysk Kwalifikaasje Toernoai wienen sy elk rapper as titelferdigener Kjeld Nuis. Dy hat him dêrom net pleatst.
It reedriden is freed fan 9.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio mei kommentaar fan sportferslachjouwer Andor Faber.
De trije Nederlanners ride yn de trije lêste ritten fan freed. Thomas Krol nimt it yn rit trettjin op tsjin Håvard Holmefjord Lorentzen út Noarwegen. Yn de rit dêrnei moat Hein Otterspeer tsjin de Sinees Zhongyan Ning. Regearjend wrâldkampioen Kai Verbij rydt yn de slotrit tsjin de wrâldkampioen op de 500 meter: Laurent Dubreuil út Kanada.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.