Man lit klompen stean en naait út op sokken yn Surhústerfean: nei heal jier oanhâlden

In feroardiele autobestjoerder (32) dy't ôfrûne simmer yn Surhústerfean by in plysjekontrôle op sokken útnaaide, is no dochs oanhâlden. Hy waard yn Grinslân fan 't bêd helle en arrestearre.
© ANP
De man naaide hoasfuotlings út by in rûtinekontrôle troch de plysje. De plysje gie derachteroan. Syn auto blykte leech te wêzen en joech gjin oanknopingspunten. Ut ûndersyk die bliken dat de bestjoerder socht waard foar in finzenisstraf en in iepensteande skeafergoedingsmaatregel.
Wêr't de sochte man wenne of wêr't er him ophâlde, wist de plysje net en dêrom bleau de man poater.
Dat feroare troch nij ûndersyk. Yn de ôfrûne wiken hat de plysje fan it basisteam Noardeast-Fryslân en it team Coördinatie Executietaken Noord-Nederland opnij nei de saak sjoen. Doe kaam der in ferbliuwsplak út.
De sokkerinner waard tongersdeitemoarn yn in wente yn de Grinzer gemeente Westerkwartier fan 't bêd helle en oanhâlden.