Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.100 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 3.368. Woansdei lei it op 3.484 besmettingen, in wike lyn op 4.483. Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne 17 Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân (3), Achtkarspelen, Hearrenfean, Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke (allegear 2). En Harns, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skylge,
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 56.390. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 62.833.