Noed oer húsdokters op plattelân: "Als apotheek weggaat, gaat huisarts ook weg"

Húsdokters mei in apoteek yn lytse doarpen driigje te ferdwinen. Neffens húsdokters troch it hiele lân is dat in probleem foar de mienskip. Se ha in manifest opsteld foar it behâld fan de apoteekhâldende húsdokters op it plattelân.
Noed op plattelân om posysje húsdokter:
Yn Fryslân is it lestich om jonge dokters te finen dy't in praktyk oernimme wolle. Ek Peter Pijman, húsdokter yn Minnertsgea, fernimt dat. "Over twee jaar mag ik met pensioen. Dan wil ik van mijn praktijk af, maar het is heel moeilijk om dat hier op het platteland voor elkaar te krijgen."
Neffens Pijman wolle net in soad dokters nei Fryslân ta. Ek binne se huverich foar de rompslomp fan in praktyk mei in apoteek derby. "Ik besteed nu zo'n 70 procent van mijn tijd aan administratieve taken, in plaats van aan zorgtaken", seit er. "Dat komt, omdat vanuit de overheid en de zorgverzekeraars heel veel regelgeving is waar wij aan moeten voldoen om de zorg hier te blijven houden."
Húsdokter Peter Pijman © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
In húsdokterspraktyk op it plattelân kin neffens him lykwols net sûnder in apoteek. "De apotheek is een noodzaak om voor een kleine huisarts voldoende inkomen op te leveren. Dus als de apotheek weggaat, gaat de huisarts ook weg. Hier zit nu ook bijvoorbeeld een kindertherapeut, een fysiotherapeut. Je verwacht dat die dan ook ergens anders hun heil gaan zoeken."
Iedere zorgverzekeraar vraagt een ander merk medicatie en overal moeten drie stukken papier bij.
Esther Doeglas, húsdokter yn Menaam
Esther Doeglas hat al tweintich jier in húsdokterspraktyk yn Menaam, mei in apoteek. Troch de jierren hinne hat se der hieltyd mear papierwurk by krigen. "In het begin was het allemaal best prima te doen, het gaf af en toe wat extra werk. Maar door alle wet- en regelgeving en al het verschillende beleid van verschillende zorgverzekeraars is het ontzettend moeilijk om vol te houden. Iedere zorgverzekeraar vraagt een ander merk medicatie en overal moeten drie stukken papier bij."
Om dat better op te fangen, wurket Doeglas gear mei oare praktiken. "De praktijken in de omgeving waren allemaal eilandjes, allemaal bezig met de zorg voor onze eigen patiënten. Maar we lopen ook tegen de zelfde problemen aan. We zijn heel erg bezig geweest om met elkaar te kunnen sparren en oplossingen te zoeken voor dingen die we tegen komen. We hebben een praktijkmanager die ons een stukje administratie ontneemt."
Húsdokter Esther Doeglas © Omrop Fryslân
Adrie Weiland is sa'n pratykmanager. Hy nimt taken út hannen fan fiif húsdokters yn de doarpen Seisbierrum, Easterbierrum, Minnertsgea, Sint-Anne en Menaam. "Tink oan kwaliteit, it ynsetten fan in jeugdkonsulint en útwikseling fan personiel. Of it gebrûk meitsjen fan inoars ekspertize. De ien is spesjalisearre yn sterilisaasje, de oar yn it ophâlden mei smoken."
Hy ûnderhâldt ek it kontakt mei de gemeente en de fersekerders. "Dan kinne de húsdokters dwaande bliuwe mei harren core business: it sjen fan pasjinten", seit Weiland. De apoteekhâldende húsdokters kinne inoar op dizze wize fersterkje en de leefberens op it plattelân yn stân hâlde.
Medisinen © Omrop Fryslân
Soarchfersekerder De Friesland sjocht ek dat de húsdokterssoarch yn Fryslân ûnder druk stiet. Net allinnich op it plattelân, mar ek yn de stêden. Koartlyn wie der yn Ljouwert in akút húsdokterstekoart, mei in lange wachtlist ta gefolch.
De soarchfersekerder seit al jierren yn petear te wêzen oer oplossingen foar it tekoart en de druk op de húsdokters. Yn it manifest wurdt soarchfersekerders frege in ynkeapbelied te realisearjen dat gelyk is foar alle apoteekhâldende húsdokters, mar dat kin neffens De Friesland no net. "Een uniform inkoopbeleid op gebied van farmacie zoals in het manifest wordt gevraagd past niet binnen de huidige wet- en regelgeving", lit de soarchfersekerder witte.