2.863 nije coronabesmettingen yn Fryslân, ien stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.863 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Moandei wienen it der 3.071.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 3.531. Moandei lei it op 5.810 besmettingen, in wike lyn op 4.125.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.
Der binne seis Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert (2), Achtkarspelen, Hearrenfean, Opsterlân en De Fryske Marren.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 53.548. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 70.436.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.