Rol stjoergroep Gordykster sporthal útwurke: ried wol it inisjatyf

"We zijn ten prooi gevallen aan de politiek." De stjoergroep dy't jierren wurke hat oan plannen foar in fernijde sporthal op De Gordyk is teloarsteld yn de ried fan Opsterlân.
Bart Maats © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De stjoergroep kaam mei in plan om de fernijde sporthal op te knappen, nei't de gemeente it fjirtjin jier lang net foar elkoar krige. It plan fan de stjoergroep waard troch it doarp stipe.
De ried hat no besletten om dochs sels mei de sporthal, wêrfan't kuorbalklup LDODK ien fan de bespilers is, oan de slach te gean. De inisjatyfnimmers binne teloarsteld. "We kwamen met een goed verhaal, maar zijn ten prooi gevallen aan de politiek", seit Bart Maats, ien fan de minsken achter it mienskipsplan.
LDODK is ien fan de bespilers fan de hal © LDODK
Hy moat noch mar sjen hoe't it komt no't de gemeente it inisjatyf wer hat. "Tot nu toe is er vanuit de gemeente niet zoveel van gekomen. Sinds 2008 wordt er over gesproken. De gemeente moet zich nu gaan bewijzen. We hopen van harte dat het gaat lukken, maar resultaten uit het verleden geven ons weinig hoop."
As de stjoergroep it inisjatyf holden hie, hie der earder resultaat west, tinkt Maats. "We hadden ambitie, draagvlak en saamhorigheid. Én voldoende mensen om het uit te voeren. Als we door mochten gaan, hadden we vandaag de volgende stap gezet."