SP en 50PLUS oer ferkeap stroom Wynpark: "Doelstelling duorsum Fryslân yn gefaar"

De Steatefraksjes fan SP en 50PLUS binne lilk dat in fjirdepart fan de opbringst fan Wynpark Fryslân ferkocht is oan gemyreus Chemelot yn it Limburchske Geleen. De partijen easkje in ferklearring fan deputearre Friso Douwstra.
© Omrop Fryslân
De partijen binne benaud dat de doelstelling om alle enerzjy foar Fryslân duorsum op te wekjen ûnhelber wurdt as in grut part fan de stroom fan it wynpark ferkocht wurdt oan bedriuwen bûten Fryslân.

Net ynljochte

De partijen wolle witte wêrom't Provinsjale Steaten net ynljochte binne oer it kontrakt mei Chemelot. "Is er nog meer dat wij niet weten over Wynpark Fryslân en de verkoop van de stroom", freegje de partijen oan Douwstra.
Se fine it ferbjusterjend dat der sein wurdt dat Fryslân ferduorsumje moat, wylst de griene stroom fan it wynpark ferkocht wurdt oan in gemybedriuw yn it suden. De partijen wize derop dat de oanlis fan Wynpark Fryslân mooglik makke is mei tank oan foarfinansiering fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE).
It kompleks fan Chemelot by Geleen yn Limboarch © Omrop Fryslân
De doelstelling fan dit fûns is om in bydrage te leverjen oan it duorsumer meitsjen fan Fryslân. De partijen wolle dêrom witte oft Fryske ynwenners ek al in oanbod krigen hawwe foar enerzjy út Wynpark Fryslân.

Grutste ôfnimmer

It bedriuw dêr't it om giet, Chemelot by Geleen, draait sûnt jannewaris foar in part op griene stroom fan Wynpark Fryslân yn de Iselmar. Chemelot hat mei Eneco in kontrakt sletten foar 350 gigawatt it jier en is dêrmei fuortendaalks de grutste ôfnimmer fan Wynpark Fryslân.
It komt der yn 'e praktyk op del dat 21 fan de 89 wynturbinen fan it wynpark mei in opsteld fermogen fan 90 megawatt de kommende 15 jier eksklusyf foar Chemelot draaie sille. Ien en oar is fêstlein yn in saneamde 'Power Purchase Agreement'.
Njonken de SP en 50+ binne ek GrienLinks en de Partij voor de Dieren tige kritysk oer it leverjen fan stroom fan Wynpark Fryslân oan Chemelot.