Liveblog | 15 febrewaris

Coronanijs 15 febrewaris: kabinet ferrommet grut part fan de coronamaatregels

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Oardel meter en mûlkapkesplicht takom wike loslitten;
  • Gjin maksimaal tal besikers mear, thúswurkadvys ferromme;
  • Kuipers: "Op 15 maart is het volgende weegmoment";
  • Tiisdei binne der 2.863 nije coronabesmettingen registrearre yn Fryslân.

Dit liveblog is ook te in het Nederlands volgen.

Bywurke: 15 febrewaris, 22:32
tiisdei 15 febrewaris
22:30

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
22:00

Ieder(in): kwetsbere minsken 'bûtenspul set' by ferrommingen

In part fan de minsken mei in beheining of groanyske oandwaning fielt him "buitenspel gezet" troch it beslút fan it kabinet om de coronamaatregels te ferromjen. Dat seit direkteur Illya Soffer fan it netwurk foar minsken mei in beheining of groanyske sykte Ieder(in).
De organisaasje freget mear omtinken foar minsken mei in kwetsbere sûnens. Sy rinne nammentlik noch hieltyd risiko om bot siik te wurden, sûnensskea of in tebekgong fan harren kondysje troch in coronabesmetting, ek as se faksinearre binne, seit Soffer. Ieder(in) wol dat it kabinet mear docht om minsken mei in beheining of groanyske sykte te beskermjen.
By it netwurk binne 238 belangeorganisaasjes en pasjinteferieningen oansletten.
21:26

Fuotbalklups starte kaarteferkeap direkt wer op

Ferskate klups yn it betelle fuotbal hawwe nei de parsekonferinsje direkt de kaarteferkeap wer opstart. Se meie fan takom wykein ôf wer de folsleine kapasiteit fan harren stadions brûke. Fortuna Sittart - Sparta Rotterdam wurdt freed de earste wedstriid yn lange tiid yn de Earedivyzje wêrby't de tribunes wer hielendal fol sitte meie.
De ôfrûne wiken mochten de klups mar in tredde part fan de kapasiteit fan de stadions brûke.
21:01

Ina Kuper (LNAZ) oer ferrommingen: "Ik verwacht dat er meer medewerkers zullen uitvallen"

It ferromjen fan de coronamaatregels sil wierskynlik op 'e nij liede ta it útstellen fan operaasjes, tinkt foarsitter Ina Kuper fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg (LNAZ). "Gezien het loslaten van de maatregelen verwacht ik dat de besmettingen nog verder toe zullen nemen en er meer medewerkers zullen uitvallen", seit se. "Dit zal leiden tot het weer moeten afschalen van de zorg waar mensen al lang op hebben moeten wachten."
Kuper reagearret op it nijs dat de coronamaatregels dizze moanne hast hielendal loslitten wurde sille. Dat makke soarchminister Kuipers op de parsekonferinsje bekend. Hy seit dat dêr romte foar is, om't it tal coronapasjinten yn de sikehûzen op it stuit stabyl liket.
sikehûs Nij Smellinghe © Omrop Fryslân
Kuper, de opfolger fan Kuipers by it LNAZ: "Ik begrijp heel goed dat de huidige ziekenhuiscijfers versoepelingen mogelijk maken. Echter in de de ziekenhuizen zien we een oplopend aantal opnames ten opzichte van vorige week. En we zien een toenemende zorgvraag bij huisartsen en de thuiszorg. En we zien een oplopend ziekteverzuim onder medewerkers in de zorgketen." Dat lêste neamt se in "een grote zorg".
20:07

Ferrommingen foar it ûnderwiis

De ferommingen dy't op de parsekonferinsje troch minister Kuipers oankundige binne, jilde ek foar it ûnderwiis. Dat is de lêzen op de webside fan Rijksoverheid. In grut part fan de maatregels ferfalt foar it primêr en fuortset ûnderwiis, mbû-ynstellings, hegeskoallen en universiteiten.
It kabinet hat derfoar keazen om de ferrommingen yn stappen yn te fieren; it earste part giet freed yn, it twadde takom wike freed 25 febrewaris.

LSVb wiis mei ferommingen

De Landelijke Studentenvakbond (LSVb) is wiis mei de ferromming fan de regels foar groepsgrutte yn it heger ûnderwiis. Foarsitter Ama Boahene: "Bij grotere opleidingen komen colleges met meer dan 75 studenten regelmatig voor. Voor die studenten is veel onderwijs de afgelopen tijd nog online geweest. Het is goed nieuws dat daar nu een einde aan komt."
De maksimale groepsgrutte fan 75 studinten de seal wurdt loslitten, makke minister Kuipers bekend. Der hoege fan ein dizze moanne ôf ek gjin mûlkapkes mear droegen te wurden.
19:27

Kuipers: oardel meter ôfstân en it dragen fan in mûlkapke bliuwt ferstannich

Nettsjinsteande it loslitten fan de basismaatregelen, bliuwt it neffens soarchminister Kuipers ferstannich om de oardel meter ôfstân en de mûlkapkesplicht oan te hâlden. "Afstand houden en mondkapjes blijft wel verstandig, niet als maatregel maar als dringend advies", sei Kuipers.
Op 25 febrewaris ferfalt de oardel meterregel en de mûlkapkesplicht, útsein yn it iepenbier ferfier en yn it fleantúch.
19:14

Kuipers optimistysk oer de kommende tiid

Op de fraach oft de maatregelen no ek foar langere tiid fuortbliuwe sille, seit Kuipers: "Ik ben optimistisch, als je kijkt naar de combinatie van hoge besmettingen de afgelopen tijd en het wegblijven van mensen die behoefte hebben aan zorg. Optimistisch, maar wel met een voorzichtigheid dat het weer omhoog kan gaan, er kan altijd een nieuwe variant komen."
19:09

Kabinet sjocht 15 maart op 'e nij nei de coronamaatregels

Op 15 maart is it "volgende weegmoment", seit Kuipers. It kabinet sjocht dan op 'e nij hoe't de sifers har ûntwikkele hawwe. Der wurdt dan sjoen oft de mûlkapkesplicht yn it iepenbier ferfier en Testen voor Toegang noch nedich binne.
19:06

Oardel meter en mûlkapkesplicht wurde nije wike loslitten

"Vrijdag 25 februari gaan we terug naar de normale sluitingstijden die we voor corona ook hadden. Je hoeft nergens meer afstand te houden, je hoeft geen mondkapje meer te dragen. Alleen in het OV en in het vliegtuig is dit nog verplicht."
19:04

Ferrommingen maksimaal tal besikers thús en thúswurkadvys

Der is gjin maksimaal tal besikers mear dat minsken thús ûntfange meie. Boppedat is it thúswurkadvys oanpast, der jildt no it advys om de helte fan de tiid thús te wurkjen, as dat kin. Earder wie it advys om safolle mooglik thús te wurkjen, útsein as dat net mooglik wie.
19:02

"We lijken op of net over de piek heen te zijn"

"We lijken op of net over de piek heen te zijn. Als je kijkt naar de ziekenhuisbezetting is het totaal anders. De ziekenhuisbezetting blijft nagenoeg hetzelfde en is stabiel", seit minister Kuipers. "We zijn beter beschermd, en bovendien is die omikronvariant minder ziekmakend."
18:04

Takom wike giet de maatskippij nei alle gedachten wer iepen

17:44

Gemeente Ljouwert wol 2,5 miljoen euro beskikber stelle foar gefolgen corona

It kolleezje fan B. en W. wol goed 2,5 miljoen euro beskikber stelle oan ferskate doelen yn de stêd Ljouwert, om de klappen fan de coronakrisis op te fangen. Dat meldt Leo Middelsé. Der wurdt ûnder oaren jild jûn oan kultuer en jongereinwurk.
It jild komt út in potsje wei, dat der spesjaal foar corona en de gefolgen dêrfan is. Der sit no noch 5,7 miljoen yn. "Het is eigenlijk aan de nieuwe raad en het nieuwe college om zich hier na de gemeenteraadsverkiezingen over te buigen", seit wethâlder Bert Wassink tiisdei.
16:58

Mear as fjouwertûzen soarchmeiwurkers dy't lange tiid klachten hawwe nei Covid melde harren

By in meldpunt fan it fakbûn FNV hawwe harren oant no ta mear as 4000 soarchprofessionals oantsjinne dy't lange tiid lêst hawwe fan klachten nei in coronabesmetting. It bûn trunet der by de polityk op oan om gau maatregels te nimmen om ynkommensferlies foar in part fan dizze minsken te kompensearjen.
"De tijd dringt voor deze mensen, die geheel of gedeeltelijk dreigen te worden afgekeurd en nu al te maken hebben met fors inkomensverlies", skriuwt vicefoarsitter Kitty Jong oan de Twadde Keamer.

"Verantwoordelijkheid van het kabinet"

Jong sjocht in ferbân tusken coronagefallen en de bemoeienis fan it ministearje fan Folkssûnens mei de advizen fan it OMT. Minister Kuipers fynt net dat de "verduidelijke vragen" fan amtners de ûnôfhinklikens fan it OMT oantaaste hawwe.
FNV sjocht dat oars. "Dat is ongehoord. De verantwoordelijkheid van het kabinet voor gezondheid en inkomensverlies van zorgprofessionals is simpelweg niet meer te ontkennen. Er moet iets gebeuren."
Nieuwsuur melde ferline wike dat kommentaar fan amtners derta laat hat dat teksten fan it OMT oanpast wurden binne. Oer it ôfrieden fan mûlkapkes foar it personiel yn de âlderesoarch, fanwegen in tekoart deroan, sei in amtner bygelyks dat it "nog wel een tandje scherper" koe.
16:00

Reproduksjegetal fan coronafirus dûkt ûnder de 1

It coronafirus ferspriedt him hieltyd minder fluch, dat is te sjen oan it saneamde reproduksjegetal. Dat is foar it earst sûnt heal desimber ûnder de 1, it is no 0,98. Wat leger it getal, wat botter it tal besmettingen sakje kin.
In reproduksjegetal fan 0,98 betsjut dat eltse 100 besmette persoanen 98 oaren besmette. Dy besmette dan wer 96 oare minsken en sa kin it tal besmettingen hieltyd fierder ôfnimme.
15:40

Tal coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen wer tanommen

It tal coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen is tiisdei wer tanommen ta 1656. Der binne de ôfrûne 24 oeren 102 pasjinten by kaam. It is de tredde dei op rige dat de sifers oprinne, dat docht bliken út de lêste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
De groei komt allinnich fan de ferpleechôfdielingen, op de ic's bleau it tal pasjinten mei Covid-19 mei 181 gelyk oan moandei.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
15:29

2.863 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.863 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Moandei wienen it der 3.071.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert. Der binne seis Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert (2), Achtkarspelen, Hearrenfean, Opsterlân en De Fryske Marren.
14:43

Takom wike wurde oardel meter en mûlkapkesplicht loslitten

Basismaatregels lykas oardel meter ôfstân en de mûlkapkesplicht ferfalle ein takom wike. Boppedat wurde de slutingstiden loslitten. Mûlkapkes moatte noch wol droegen wurde yn it iepenbier ferfier en yn it fleantúch.
Foar grutte eveneminten dy't binnendoar holden wurde mei mear as 500 besikers en foar nachtklups sil dan in saneamd 1G-belied jilde. Dat betsjut dat allinnich in negative test folstiet.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
14:30

Reizgjen nei it bûtenlân ta wurdt makliker

Njonken de ferrommingen fan coronamaatregels dy't yn Nederlân jilde, wurdt ek reizgjen nei oare lannen makliker. Fan woansdei ôf wurde nammentlik ek de reisadvizen fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken oanpast.
De coronasifers telle dan net mear mei. It betsjut dat mear lannen bûten Europa op giel gean sille.
14:08

Kabinet akkoart mei ferrommingen coronamaatregels

It kabinet is akkoart mei ferrommingen fan de noch jildende coronamaatregels. Dat melde ynwijden nei berjochtjouwing fan ferskate media. De coronapas ferdwynt op 25 febrewaris grutdiels. Foar tagong ta nachthoareka en by grutte eveneminten moat dan noch wol in tagongsbewiis sjen litten wurde.
Boppedat kinne de hoareka en de kultuersektor wer iepen oant 01.00 oere en wurdt it thúswurkadvys oanpast. Soarchminister Kuipers joech earder al oan dat der noch hieltyd maatregels jilden bliuwe, tiisdeitejûn hâldt er in parsekonferinsje.
13:12

Kabinet posityf by oerlis oer coronamaatregels

It kabinet is 'posityf' oer de stân fan it firus. Dat sei minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens tiisdei nei in oerlis dêr't definityf besletten is hokker ferrommingen tiisdeitejûn oankundige wurde yn de coronaparsekonferinsje. "Positief tegen de achtergrond van een ontzettend hoog aantal besmettingen en gelukkig naar verhouding een lage druk op de zorg", seit Kuipers.

Maatregels bliuwe wichtich

Kuipers woe noch net kwyt wat der krekt besletten is by it oerlis. Wol sei hy dat hy ûnderstreekje sil dat der noch hieltyd maatregels fan krêft bliuwe en dat it wichtich is dat dy ek neilibbe wurde. Hy doelde dêrmei op it dragen fan mûlkapkes as minsken ticht byinoar sitte, geregeld hannen waskje en thúsbliuwe by klachten. It Outbreak Management Team hat dat yn it advys dêr 't it coronabelied mei op basearre wurdt ek oanret. "Daarom hier mijn terugkerende boodschap, tot vervelens toe. Blijf voorzichtig."
12:20

Boa's bliid mei ferrommingen

It fakbûn fan de boa's lit witte út te sjen nei de ferrommingen dy't nei alle gedachten tiisdeitejûn ôfkundige wurde sille. De boa's hoege dan net mear te hanthavenjen op de oardel meter ôfstân en de mûlkapkesplicht. "We zitten niet te wachten op het handhaven van de 1,5 meter tijdens carnaval", seit foarsitter Richard Gerrits fan fakbûn BOA ACP.
Dat de slutingstiid fan de hoareka nei alle gedachten ferromme wurdt nei 1.00 oere, kin ek op goedkarring fan it bûn rekkenje. Hy ferwachtet gjin problemen by dizze stap.
12:01

Eveneminte-organisator MOJO net bliid mei 1G

De útlekte ferrommingen foar de evenemintebrânsj binne goed nijs, mar de 1G-maatregel is dochs noch in "forse maatregel". Dat seit Ruben Brouwer, de direkteur fan eveneminte-organisator MOJO, by radiostjoerder KINK.
Mooglik kinne eveneminten mei mear as fiifhûndert besikers sûnder fêst sitplak plakfine, mar moatte besikers dan wol in negatyf testbewiis sjen litte (1G). Brouwer stelt dat er ferline wike al op 'e hichte brocht is fan de ferrommingen foar de evenemintebrânsj.
Lakshmi yn poppoadium Neushoorn © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Hy is bliid mei de ferrommingen, mar neamt de 1G-maatregel wol disproporsjoneel. Want de mienskip mei "eigenlijk alles wel weer" en kinst ek nei grutte feestkafees sûnder in negative test sjen litte, stelt er. " Maar voor onze concerten zou je je dan als enige plek in de maatschappij nog moeten testen."
De organisaasje is yn petear mei Den Haag om dy maatregel der sa gau mooglik ôf te krijen, seit Brouwer.
Neffens him is it kabinet him der sels ek bewust fan dat 1G in flinke maatregel is en dat dy der sa gau as mooglik 'ôf moat'. Wannear't dat momint wêze sil, is de fraach. De brânsj sels tinkt dat dat al binnen in pear wiken kin, meldt Brouwer.
10:14

Ekonomy groeit nettsjinsteande corona

Nettsjinsteande de coronabeheinings is de Nederlânske ekonomy it ôfrûne jier mei 4,8 prosint omheechgien. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). De ekonomy is weromkommen fan de grutte coronaklap yn 2020.
Yn de lêste trije moannen fan 2021 waarden de coronaregels ferskerpe. De groei fan de ekonomy wie yn it lêste fearnsjier dêrom lytser as yn de rest fan it jier (0,9 prosint). Dochs binne noch net alle sektoaren opbettere fan de krisis. Sa hat de hoareka it noch hieltyd swier. It oandiel fan de hoareka foar de ekonomy kaam 30 prosint leger út as yn 2019.
08:34

Mear minsken achter coronabelied

Wat mear as de helte fan de Nederlanners stiet no efter de oanpak fan de coronakrisis troch it kabinet, sa docht tiisdei bliken út ûndersyk fan I & O Research yn opdracht fan de NOS. Ferline moanne gie it noch om 45 prosint, dat is no 51 persint.
It ûndersyk waard tusken 11 en 14 febrewaris útfierd, doe't de plannen foar de fiergeande ferrommingen dy't nei alle gedachten tiisdeitejûn bekendmakke wurde, al nei bûten brocht wiene.
De mûlkapkeplicht yn it iepenbier ferfier mei fan de helte fan de Nederlanners wol bliuwe © ANP
Fierwei it grutste part fan de respondinten lit witte fierder ferromje te wollen, yn totaal 85 prosint. Fan dy groep is 38 persint sels foar it loslitten fan alle maatregels.
"Nog niet eerder was het aandeel 'helemaal loslaten' zo groot", seit I&O Research. "Nog maar 9 procent wil de huidige maatregelen handhaven en slechts 3 procent wil ze verder aanscherpen."
Hoewol't 85 prosint ferrommingen wol, binne der wol maatregels dy't de minsken hanthavenje wolle soene. Dat soe neffens it ûndersyk gean om thúsbliuwen en testen by klachten (56 persint) en it dragen fan in mûlkapke yn it iepenbier ferfier (49 persint).
07:26

Jûn parsekonferinsje

Minister Kuipers (Folkssûnens) jout jûn in parsekonferinsje oer de ferrommingen fan de coronamaatregels. Nei alle gedachten giet Nederlân per 25 febrewaris foar in grut part iepen. De parsekonferinsje is fan 19.00 oere ôf live te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.
It is foar it earst dat premier Rutte net by de coronaperskonferinsje oanwêzich is. Hy is by it debat oer de regearingsferklearring yn de Earste Keamer.
Ernst Kuipers © ANP
07:21

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan tiisdei 15 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.