Gearwurking kultuer, sport, natuer en lânbou moat toeristen nei Fryslân lokje

In goede gearwurking tusken sektoaren as kultuer, sport, lânbou en natuer kin derfoar soargje dat Fryslân koprinner fan Nederlân wurdt foar ferantwurdlik en duorsum toerisme. Wol moat der tûk gebrûk makke wurde fan de kennis en ekspertize dy't yn de ferskate fjilden bestiet.
Ut alle sektoaren wienen gasten oanwêzich op it Frysk Toerisme Kongres:
Dat wie de ynstek by it online Frysk Toerisme Kongres 2022, dat organisearre waard troch marketingorganisaasje Merk Fryslân. Ut alle sektoaren wienen gasten oanwêzich en waard bepraat hoe't de sektoaren de gearwurking foarmjaan kinne om toeristen te lûken.
Fakânsje yn Terherne © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Neffens Roger Davids fan Merk Fryslân binne der in soad mooglikheden om gear te wurkjen mei de neamde sektoaren. Hy neamt as foarbyld de fytswedstriid Visit Friesland Elfsteden Race, dêr't de sport Fryslân ynternasjonaal yn de belangstelling bringt. Ek sjocht hy mooglikheden foar boeren om harren produkten folle better ûnder de oandacht te bringen.

Sprieding

Sport en kultuer rjochtsje harren al op toeristen mei foarstellingen en eveneminten as bygelyks de Slachte of de Fytsalvestêdetocht, mar mear toeristen yn de natuer kin ek in bedriging fan dyselde natuer wêze.
Besikers fan in natuergebiet fan Staatsbosbeheer © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn de coronatiid wie it op guon plakken somtiden fierstente drok. Jean-Paul Rek fan Steatsboskbehear tinkt dat sprieding fan grut belang is. Dus net alles op deselde dei it fjild yn en net elkenien op itselde plak. Neffens him kin de tagonklikheid op guon plakken no in stik ferbettere wurde.

Net foar alle boeren

Buorkerijcampings en -winkels binne sa stadichoan by in soad boerebedriuwen te finen. Net alle boeren sitte lykwols op toeristen te wachtsjen, seit biologysk túnker Jan Bruinsma. Hy is der sels noch net mei dwaande. Bruinsma sjocht wol mooglikheden, mar "it moat wol by jo passe".
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort