Alden boeke sukses nei lange striid: gemeente lûkt sloopplan Snitser gymseal yn

Alden fan de bern op de Simon Havingaskoalle yn Snits ha har mei sukses ferset tsjin de sloop fan de gymseal njonken de skoalle. Nei jierren lûkt de gemeente Súdwest-Fryslân it plan yn.
De sloop fan de Snitser gymseal giet net troch:
De kwestje hat in lange foarskiednis. Jierren lyn wiene der plannen foar in folslein nije sportakkommodaasje op it terrein fan fuotbalklup LSC. Dêr soe ek in sportseal komme dêr't skoallen yn de buert har gymlessen jaan koene. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat úteinlik in streek troch dat plan set.
Yn ôfwachting fan de nijbouplannen hie skoalkoepel Palludara, dêr't de Simon Havingaskoalle ûnder falt, it ûnderhâld fan de gymseal by de skoalle wat gewurde litten. Tagelyk spile foar Palludara it probleem dat dy de gymseal net rendabel eksploitearje koe.

Ferâldere tastân

De seal drukte te swier op it budzjet fan de skoalkoepel. Yn oerlis mei de gemeente waard besletten ta sloop fan de seal. Arguminten fan beide partijen wiene de ferâldere tastân fan de seal en de oerkapasiteit fan sportsealen yn de gemeente. De skoalle koe romte krije yn in oare gymseal op likernôch in kilometer ôfstân.
Alden kamen yn ferset tsjin dat foarnimmen. Se fielden har yn it eardere trajekt net goed op 'e hichte hâlden en dit nije plan kaam har oer it mad. Oerlis mei skoalkoepel en gemeente smiet in pear kear útstel fan de sloopplannen op. De âlden wurken yntusken oan in plan foar it rendabel meitsjen fan de gymseal.
De âlde gymseal is al jierren ôfskreaun. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Tagelyk wie der ek oerlis tusken de gemeente en Palludara oer de eigendomsferhâlding. Dat resultearre der úteinlik yn dat Súdwest-Fryslân yn augustus eigener waard fan de gymseal. De gemeente besleat fuortendaliks dat de gymseal net mear geskikt wie foar gebrûk.
Learlingen gymnastykje sûnt dit skoaljier yn de gymseal in kilometer fierderop. Bot tsjin it sin fan de âlden, dy't wiisden op de tiid dy't dat yn beslach nimt en ôfgiet fan de lestiid. Mei elkoar soe dat op jierbasis gean om twa folsleine wiken. Boppedat moatte de bern fia in drok krúspunt derhinne. De gemeente hat dat krúspunt wol oanpast, mar it wurk is noch net hielendal dien. Neffens de âlden is de situaasje noch net folslein feilich.
De gymnastykseal by de Simon Havingaskoalle yn Snits © Omrop Fryslân
De âldergroep skeakele, njonken it wurkjen oan in plan foar it rendabel meitsjen fan de gymseal, ek de gemeentlike polityk yn. Mei sukses. De ried naam ferline jier yn grutte mearderheid in moasje oan dy't it kolleezje de opdracht joech om nei de mooglikheden te sjen foar it behâld fan de gymseal.
Nei moannen fan oerlis mei de âlden en fierder ûndersyk kantele it sloopplan fan it kolleezje fan B en W ferline wike de oare kant út. Boargemaster en wethâlders wolle no yn oparbeidzjen mei de âlden besjen hoe't de gymseal takomstbestindich makke wurde kin. En se stelle de ried foar om 175.000 euro út te lûken foar efterstallich ûnderhâld fan de seal. Dat beslút moat naam wurde troch de nije gemeenteried dy't yn maart keazen wurdt.
Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Earryt Sijens