Slim ûngefal op A7 by Terwispel: frachtwein kantele, bestjoerders ferwûne

Op de A7 by Terwispel is moandeitemiddei in frachtwein mei in oanhinger kantele en njonken de dyk rekke. It ûngefal barde nei alle gedachten troch't de frachtwein in auto mei maleur rekke, dy't op de flechtstrook stie.
© CAMJO media
De frachtwein makke in stjoerkorreksje en sloech dêrby om. Meardere helptsjinsten binne oproppen. Ek in traumahelikopter út Amsterdam wei waard oproppen, mar dy waard op de helte fan de rit ôfmeld.
De A7 yn de rjochting fan Drachten is fanwegen it ûngefal ticht. De sjauffeur fan de frachtwein en de bestjoerder fan de auto binne beide ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht. Rykswettersteat hat wite skermen pleatst, sa't de wei wer iepen kin. Om 19.00 moat de dyk nochris ticht sa't de auto en de frachtwein fuorthelle wurde kinne.