RIVM meldt 3.071 nije coronabesmettingen yn Fryslân, seis sikehûsopnames

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3071 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Snein gong it om 3.317 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 5.810. Snein lei it op 5.678 besmettingen, in wike lyn op 1.729.
Dat it tal besmettingen dizze wike safolle heger leit as in wike lyn, komt mei troch in ynhelslach by it RIVM ferline wike tiisdei. Doe waarden goed 18.000 besmettingen meld, mar dêr sieten ek positive tests fan de wiken dêrfoar by.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne 6 Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Hearrenfean (1), Ljouwert (1), Noardeast-Fryslân (1) en Súdwest-Fryslân (3).

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 55.116. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 119.089.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.