Gjin treinen tusken Dronryp en Ljouwert fanwegen sike masinist

Der rieden moandei oant 21.00 oere gjin treinen tusken Dronryp en Ljouwert troch 'logistike beheiningen'. Dy beheining: sykte by it personiel.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Tusken Ljouwert en Harns waarden snelbussen ynset. Dêrnjonken rieden der stopbussen tusken Ljouwert, Deinum, Dronryp, Frjentsjer en Harns.
"Het blijkt om de verstoring van de dienstregeling te gaan als gevolg van ziekte van een machinist die op korte termijn niet vervangen kon worden", lit in wurdfierder fan Arriva witte.
De ferfierder ferwachtet dat tiisdei de normale tsjinstregeling wer riden wurde kin op it trajekt. "Ook bij ons is het verzuim hoger dan normaal en is het een flinke puzzel om alles rond te krijgen. Maar tot nog toe krijgen we die puzzel meestal opgelost bij Arriva."
© LEO Middelsé, Lennard Geerts