Liveblog | 14 febrewaris

Coronanijs 14 febrewaris: OMT jout grien ljocht foar ferrommingen en koartere isolaasje

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Minister Kuipers: Alle coronaregels mooglik fan tafel;
  • Taname mentale klachten is reden ta soarch;
  • Moandei 3.071 nije coronabesmettingen registrearre yn Fryslân;
  • Minder minsken litte harren teste by GGD;
  • Ek minder testen foar tagong útfierd.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 14 febrewaris, 22:50
moandei 14 febrewaris
22:50

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
22:39

'Kabinet wol rapper ferromje'

It kabinet sil moarn op de coronaparsekonferinsje nei alle gedachten bekend meitsje dat de measte maatregels op 25 febrewaris, oftewol nije wike freed, opheft wurde. Allinnich de echte basismaatregels, lykas gjin hannen skodzje, hygiëne, fentilearje en teste by klachten sille bliuwe, sizze boarnen yn Den Haag.
Mûlkapkes hoege net mear droegen te wurden en der hoecht gjin oardel meter ôfstân mear hâlden te wurden. It advys om safolle mooglik thús te wurkjen ferfalt.
Yn de kultuersektor en de hoareka komt de gewoane situaasje earder werom as ferwachte. No moatte se noch om 22.00 oere ticht wêze. Fan no freed ôf, 18 febrewaris, giet dat nei 01.00 oere nachts. In wike letter binne neffens de Haachske boarnen de reguliere algemiene slutingstiden wer fan krêft.
21:45

Buma wol gau werom nei âlde slutingstiden foar hoareka

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hopet dat foar de hoareka sa gau mooglik wer de âlde slutingstiden jilde sille. Dat sei er by in gearkomste fan de foarsitters fan de 25 feilichheidsregio's yn Nederlân. Dêr waard praat oer de slutingstiid foar de hoareka fan 01.00 oere, dy't nei alle gedachten moarntejûn troch it kabinet by de coronaparsekonferinsje bekend makke wurdt.
Buma hat begryp foar de maatregel, mar sjocht it as in tuskenfaze. De boargemasters tinke dat sluting om 01.00 oere derfoar soarget dat minsken allegearre tagelyk nei bûten gean en dêr dan yn groepen byelkoar komme.
20:20

Grien ljocht foar ferrommingen en koartere isolaasje

Nederlân giet wer wat fierder fan it slot. De ferromming fan de coronaregels dy't it kabinet fan doel wie troch te fieren, kinne rekkenje op grien ljocht fan it Outbreak Management Team, sa meldt it OMT.
Kroegen meie oant 01.00 oere iepen bliuwe, en ien dy't besmet is mei it firus hoecht net sân, mar fiif dagen thús te bliuwen "mits deze persoon minimaal 24 uren klachtenvrij is". Neffens it OMT binne dizze ferrommingen ferantwurde.
It kabinet makke foar it wykein al bekend hokker ferrommingen it trochfiere woe. Betingst hjirfoar wie wol in posityf advys fan it OMT. Moarn wurdt it advys nochris bepraat. Soarchminister Ernst Kuipers makket tiisdeitejûn de offisjele ferrommingen bekend. Dy geane nei ferwachting 18 febrewaris yn. Nei alle gedachten geane de measte noch besteande regels derôf mei yngong fan 25 febrewaris.
18:50

UWV: Minder oanfragen leanstipe

De earste dei foar oanfragen yn de achtste perioade fan leanstipe wie "rustiger dan ooit", meldt útkearingsynstânsje UWV. Dêr stiet in ferdûbeling tsjinoer fan it tal oanfragen foar de temjittekomming yn de fêste lêsten (TVL) yn it fjirde fearnsjier fan 2021.
Moandeitemiddei om 16.00 oere hinne hiene goed 1800 wurkjouwers in oanfraach yntsjinne foar de tydlike Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid (NOW ). Dat binne der wat minder as by de startdei foar de sechsde perioade, tusken july en septimber. Dat wie de rêstichste perioade oant no ta.
Wurkjouwers dy 't yn harren ynkommen rekke wurde troch coronamaatregels kinne mei yngong fan moandei leanstipe oanfreegje foar de moannen jannewaris oant en mei maart dit jier. Yn dizze perioade komme wurkjouwers mei minimaal 20 persint omsetferlies yn oanmerking foar in temjittekomming yn de leankosten. It fergoedingspersintaazje bliuwt 85 prosint. De ynskriuwing foar de leanstipe bliuwt iepen oant en mei 13 april.
It UWV yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
17:57

Lit net elkenien fuortendaliks weromkomme nei kantoar

Twa arbotsjinsten warskôgje dat der oerlis komme moat oer it wer wurkjen op kantoar. Lit net elkenien fuortendaliks weromkomme, mar besykje troch oerlis in goede middenwei te finen, fine de Arbo Unie en arbotsjinst Human Capital Care. Tiisdei skrast it kabinet nei ferwachting it thúswurkadvys.
HumanCapitalCare seach yn novimber nei de ferrommingen fan it thúswurkadvys yn septimber in ferdûbeling fan it tal coronabesmettingen op de wurkflier. It syktefersom wie doe histoarysk heech.
Mei de weromkear nei kantoar is der neffens Human Capital Care in risiko dat it tal besmettingen wer oprint. Dêrom moatte de basisregels lykas ôfstân hâlde noch hieltyd yn acht naam wurde op de wurkflier.
17:13

Mear omtinken foar langduorjende covid nedich

Pasjinten mei langduorjende klachten nei in coronabesmetting moatte better holpen en foarljochte wurde. Dat stiet yn in advysrapport fan de Gezondheidsraad oan de oerheid.
Minsken mei langduorjende covid binne faak ekstreem wurch, binne achter de pûst of ferjitlik. Se hawwe pineholle, hertklachten en spierpine, en se kinne net mear goed rûke. De klachten kinne somtiden moannenlang oanhâlde, al is it mooglik dat de minsken der nei in tiid minder lêst fan hawwe. Om fan langduorjende covid te praten moatte de klachten minimaal trije moanne oanhâlde.
De ried wit noch net yn hoefierre oft faksinaasjes tsjin corona en de myldere omikronfariant fan ynfloed binne op de ûntwikkeling fan de sykte. Der moat neffens de ried oanfoljend wittenskiplik ûndersyk dien wurde, om oarsaken en risikofaktoaren fan langduorjende covid te achterheljen.
17:07

Iepenbier Ministearje hâldt op mei ûndersyk donaasjes Viruswaarheid

Donateurs kinne derop fertrouwe dat ynsammele jild troch Viruswaarheid op in goede wize brûkt wurdt. It Iepenbier Ministearje hâldt dêrom op mei it ûndersyk dêrnei.
It IM begûn ferline jier in ûndersyk. Oanlieding wie in skeel tusken Viruswaarheid mei foarman Willem Engel oan de iene kant en ING oan de oare kant. De bank befrear de rekken fan Viruswaarheid en de priveerekken fan Engel, omdat hy 50.000 euro fan de stichting liend hie foar in priveebetelling fan in stik grûn yn Spanje. It jild is yntusken folslein werombetelle oan de stichting. Dêrom sjocht it IM gjin reden mear ta fierder ûndersyk.
16:25

Taname mentale klachten is reden ta soarch

De taname fan mentale klachten troch de coronepandemy is reden ta soarch, skriuwt de Gezondheidsraad yn in advysrapport. In diel fan de befolking sil lang klachten hâlde. Sa fiele jongfolwoeksenen harren depressyf en iensum. Ek ûnder âlderein is de emosjonele iensumheid tanaam ûnder ynfloed fan de firusútbraak en alle oerheidsmaatregels.
Soarchmeiwurkers hawwe mear burn-out-klachten. De sûnensried hat oanwizings dat minsken dy'top de intensive care lein hawwe, harren mentaal minder goed fiele.
It rapport is befestiging fan it byld dat al langer bestiet. De ried komt net mei grutte nije oplossings. It advys oan de oerheid is om gebrûk te meitsjen fan metoades dy't bewiisd hawwe effektyf te wêzen. Wol moatte besteande saken fersterke wurde, lykas it op 'e tiid sinjalearjen fan problemen troch de skoalsûnenssoarch, mentoaresystemen op middelbere skoallen, de begelieding fan studinten en de bedriuwssûnenssoarch.
16:01

Kuipers: alle coronaregels mooglik fan tafel

It is goed mooglik dat letter dit jier hielendal gjin coronaregels mear nedich binne. Minister fan Folkssûnens Ernst Kuipers soe dêr sterk rekkening mei hâlde, sei er moandei. Mar foar't it safier komt, sil neffens him wol it tal besmettingen bot omleech moatte.
Kuipers hat moandei mei oare leden fan it kabinet oerlein oer de ferromming fan de coronaregels dy't tiisdei nei alle gedachten oankundige wurde sille. Der leit in advys fan it Outbreak Management Team, mar dêr woe de minister noch neat oer sizze.
Ferline wike hat Kuipers yn in brief oan de Keamer witte litten hokker maatregels oft it kabinet ferromje wol. Sa binne de slutingstiden foar ûnder mear de hoareka letter as no (dan oant 01.00 oere). Yn stadions en teäters soe de ferplichte oardel meter ôfstân net mear jilde. Eveneminten sûnder fêste sitplakken meie trochgean oant 500 minsken as dy in coronatagongsbewiis sjen litte kinne. By gruttere eveneminten jildt mûlkapkesplicht, fêste sitplakken en in coronapas.
15:35

RIVM meldt 3.071 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3071 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Snein gong it om 3.317 coronabesmettingen.
15:03

Faksinaasje helje sûnder ôfspraak op seis plakken

14:28

Minder coronatesten by GGD

Hieltyd minder minsken gean nei de GGD foar in coronatest, meldt de oerkoepeljende organisaasje GGD GHOR Nederlân.
Ferline wike wiene it 840.835 tests. Dat is it leechste tal yn in moanne tiid.
Begjin febrewaris wiene der hast 984.000 testen yn 'e wike. De lêste wike fan jannewaris fierden de GGD's justjes mear as in miljoen testen út. Noch in wike earder wiene der sawat 950.000 coronatesten yn ien wike tiid.
GGD GHOR Nederlân jout gjin ferklearring foar de delgong. It RIVM melde ferline wike ek al dat de groei fan it tal fêststelde besmettingen minder begjint te wurden.
11:54

Dútslân wol strangste coronabeheinings yn maart opheffe

Mûlkapkes moatte op yn Frankfurt © ANP
Dútslân wol de strangste coronamaatregels yn it lân foar 20 maart beëinige hawwe.
Dútske media melde dat bûnskânselier Olaf Scholz woansdei mei de lieders fan de dielsteaten praat oer fiergeande ferrommingen fan de beheiningen sa't dy no jilde.
11:41

Ferline wike minder tagongstesten

Sa'n 328.000 ôfspraken foar tagongstesten binne ferline wike ynpland. It giet om testen by kommersjele oanbieders op coronabesmettingen. By in negative útslach kinne de minsken bygelyks nei de hoareka of fuotbalstadion. Net alle tests binne útfierd, want ien op de tsien minsken kaam net opdaagjen, meldt de Stichting Open Nederland.
© ANP
It oantal fan ferline wike leit wat leger as yn de foargeande wiken. Begjin febrewaris stiene yn sân dagen tiid 332.000 ôfspraken foar tagongstesten ynpland en ein jannewaris 334.000. Ofrûne sneon wie it wol relatyf drok.
10:21

Alle gymnasiasten wer thús nei coronabesmetting yn Rome

De lêste trije learlingen fan kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert binne ek wer thús út Rome. Dat meldt it Friesch Dagblad.
It skoalreiske fan de Fryske gymnasiasten nei Rome ferrûn oars as pland fanwege coronabesmettingen by learlingen en dosinten. Yn plak fan yn de stêd toeristyske attrakjes út de âldheid te besjen, moasten se op de hotelkeamer yn karantêne.
09:39

Lichte taname tal coronapasjinten yn noardlike sikehuzen

Yn Fryslân lizze no 29 pasjinten mei corona yn it sikehûs. Dat binne 7 mear as in wike ferlyn. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland. Fan de opnommen pasjinten lizze 4 op de ic.
Yn de noardlike sikehûzen giet it op it stuit om 69 coronapasjinten, twa mear as in wike ferlyn. Mei-inoar lizze der yn de sikehuzen yn Fryslân, Grinslân en Drinte 12 pasjinten mei Covid-19 op in ic-bêd.
08:27

Boskje blommen en in coronafaksinaasje yn Drachten

06:09

'Nederlân net klear foar nije pandemy'

Der binne 'grutte útdagingen foar de ynfeksjesyktebestriding', docht neffens it AD bliken út in koartlyn publisearre rapport fan it Capaciteitsorgaan dat de oerheid en soarchsektor advisearret oer it tal soarchprofessionals dat nedich is. De coronapandemy hat "al folle langer spyljende knyppunten by de ynfeksjesyktebestriding útfergrutte. It tekoart oan dokters wurdt no dochs akuter ûnderfûn."
Dêrom moatte sa gau as mooglik tsientallen ekstra ynfeksjedokters oplaat wurde, warskôget de advysried. Neffens de GGD'en is it tekoart sa knipend dat it hjoeddeistige oantal ynfeksjedokters minimaal ferdûbele wurde moat. Ek binne gau mear dataspesjalisten nedich. It ûntbrekt de GGD'en oan jild om personiel by te skoallen.
Dat is neffens GGD GHOR-foarsitter André Rouvoet nedich, sadat by in folgjende útbraak elkenien -ynklusyf de bernedokters en jeugdferpleechkundigen by de konsultaasjeburo's- gau helpe kin mei testen en faksinearjen. "De boodschap kan niet zijn: bedankt, fantastisch gedaan, bij de volgende pandemie mogen jullie weer gaan improviseren. We moeten nu vasthouden wat we hebben opgebouwd", seit er tsjin de krante.
06:09

Feilichheidsberied byinoar

It Feilichheidsberied fan de 25 boargemasters dy't foarsitter binne fan in feilichheidsregio bûcht him moandeitejûn oer it maatregelpakket, dat it kabinet tiisdei bekendmeitsje wol. Der komme in soad ferrommingen oan. De boargemasters beprate ûnder oare mei minister Dilan Yesilgöz fan Justysje wat it oanpassen fan it coronabelied betsjut foar it fieren fan karnaval ein febrewaris.
06:08

Amnesty: "Farmaseutyske bedriuwen ha faald by bestriding coronakrisis"

Neffens Amnesty International hawwe farmaseutyske bedriuwen "tragysk faald' yn harren bydrage oan de bestriding fan de troch corona feroarsake wrâldwide sûnenskrisis. Yn in moandei publisearre ferklearring stelt de minskerjochte-organisaasje dat dit falen plakfûn nettsjinsteande werhelle en driuwende oproppen om de coronafaksins earlik te ferdielen yn de wrâld.
It belied fan de farmaceuten hat neffens de organisaasje bydroegen oan in 'minskerjochtenkatastroafe' yn 2021. Neffens Amnesty hawwe de bedriuwen dy 't de coronafaksins produsearje de ferkeap dêrfan yn 2021 monopolisearre, lobbyd tsjin it dielen fan yntellektueel eigendom, te hege prizen foar harren faksins frege en leveringen oan rike lannen foarrang jûn.
De tsien miljard faksindoses dy't sy yn 2021 produsearren, hienen mear as genôch wêze kinnen om in wrâldwide faksinaasjegraad fan 40 prosint te berikken. Dat wie de doelstelling fan de Wrâldsûnensorganisaasje WHO. Yn stee dêrfan wie oan de ein fan dat jier mar 4 persint fan de minsken yn earme lannen folslein faksinearre.
06:00

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan moandei 14 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.