FNP-listlûker Súdwest-Fryslân: "FNP moat wer yn it kolleezje"

De FNP moat wer meibestjoere yn Súdwest-Fryslân, mar sels wurdt listlûker Tsjerk Bouwhuis gjin wethâlder. Dat sei er yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries, wêryn't er ien fan de trije gasten wie.
Bouwhuis ferwachtet dat de ferkiezingen yn Súdwest-Fryslân - krekt as yn de measte oare gemeenten - benammen oer de wenningbou gean sille. "Dêr moat echt wat barre. Wy hawwe op 't heden te lijen fan in stille ramp op de huzemerk."
De gemeente sil wat de FNP oanbelanget mear stjoere moatte en bouwe nei aard en skaal. Mar ek sa dat de eigen bewenners foarrang krije, neffens Bouwhuis. "Foar Súdwest-Fryslân hawwe we dêrom in Lelyline hielendal net nedich. Brêgen en diken kin we hjir op it stuit kwalik ûnderhâlde, wat sille we dan jild útjaan oan sa'n projekt?"

Bouwhuis is 'mear folksfertsjintwurdiger'

En de FNP wol dus graach mei in wethâlder yn it nije kolleezje oan de slach foar de ynwenners. "Wy hawwe de ambysje om oan tafel te sitten, al bin ik net sels de wethâlderskandidaat. Dy ambysje haw ik net. Ik fiel my mear folksfertsjintwurdiger", sei de FNP-listoanfierder.
It is no it momint om te sizzen hoe't wy de ferkiezingen yn geane, dus bin no benammen de listlûker.
Jouke Douwe de Vries (S!N)
Njonken Bouwhuis wie Jouke Douwe de Vries te gast yn it Nijsfoarum. Hy is op it stuit wethâlder yn Noardeast-Fryslân en listlûker foar syn partij S!N. De klam leit dizze wiken op it listlûkersskip. "It is no it momint om te sizzen hoe't wy de ferkiezingen yn geane, dus bin no benammen de listlûker."

Fierder mei wat der yn gong set is

Yn de kampanje wie De Vries wend om skerp te sizzen wat syn partij fynt. Dat sil de oant de ferkiezingen yn maart net oars wêze. De Vries hopet wer op koälysjedielname. "Wy hawwe dingen yn gong set en wolle dêr graach fierder mei. Dêr dogge wy net geheim oer. Yn in koälysje dogge jo konsesjes en it koälysje-akkoart bepaalt úteinlik de koers fan de gemeente, dat is logysk."
De tredde gast yn it Nijsfoarum wie Esther Verhagen, listlûker fan Ooststellingwerfs Belang en op it stuit ek wethâlder. Sy is wat foarsichtiger: "Ik laat nog open of ik ook wethouderskandidaat ben of niet. Ik wil de verkiezingen eerst afwachten. Het is belangrijk om eerst de kiezer aan het woord te laten voor je deals sluit met andere partijen."

Sakekolleezje yn Eaststellingwerf?

Pas dêrnei kin wat Verhagen oanbelanget dus yn Eaststellingwerf sjoen wurde oft der in koälysje foarme wurde kin. "Of misschien moet je wel de conclusie trekken dat een zakencollege een betere oplossing is. Ik heb alle vertrouwen in de democratie, maar denk ook dat ik reëel ben door te zeggen dat er wel veel partijen meedoen. Nu eerst de kiezer maar aan het woord laten."
De folsleine útstjoering fan Buro de Vries mei it Nijsfoarum werom harkje kin hjir. It Nijsfoarum is ek as podcast werom te finen op Spotify en by podcast-apps.