Alde plakette dy't by De Lemmer opdoek is werombrocht nei Woerden

Wetterskip Fryslân hat in plakette dy't ferline jier yn de omkriten fan De Lemmer fûn waard, werombrocht nei Woerden. De tinkstien heart by in stoomgemaal dy't yn 1921 omboud waard ta sûchgasgemaal.
Neffens Hilda Boesjes-Beljon fan it wetterskip waard de tinkplakette yn oktober ferline jier by bouwurksumheden fûn. Op de plakette steane de nammen fan heemraden neamd, de bestjoersleden fan in wetterskip.

Werom nei Woerden

It die bliken dat de plakette út Woerden wei kaam en makke is foar it gemaal Barwoutswaarder. Dêrom is de plakette oerdroegen oan it Hoogheemraadschap De Stichtse Rijnlanden. Wêr't er thús heart, skriuwt Boesjes op sosjale media.
It gemaal waard yn 1951 omboud ta elektrysk gemaal, mar it gebou bestiet noch altyd en is in gemeentlik monumint. It oarspronklike gemaal ferfong yn 1881 twa poldermûnen.