In bysûnder houlik yn De Klomp yn Ljouwert: "Ik bin altyd posityf bleaun"

It wie in bysûndere gearkomste yn De Klomp yn Ljouwert, it netwurksintrum foar minsken mei in lytse beurs. Op 2 febrewaris stapten Sigrid en Arie yn it sintrum yn it houliksboatsje.
Arie en Sigrid © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Klomp is it gebou dêr't Netwerk Centrum Leeuwarden fêstige is. Sigrid wurket as frijwilliger by De Klomp. Ea kaam sy der sels as kliïnt fan de kleanbank. Omdat se gjin jild hie, kaam sy by it netwurksintrum telâne foar help.
No helpt sy sels oare minsken dy't problemen hawwe. Om't sy safolle oan de minsken fan De Klomp hân hat, woe se dêr hiel graach oan har grutte nije leafde Arie it jawurd jaan.
De ringen omdwaan by it houlik © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Foar it programma Buro de Vries folgje wy de minsken fan De Klomp mei harren libbensferhalen en de aktiviteiten dy't der binne. In houlik kin dêryn net mist wurde.

Problemen nei ferlies

Sigrid ferlear acht jier lyn har man. Dêrnei ûntstiene der finansjele problemen omdat der troch de amtners njoggen moanne oer dien waard om út te finen oft Sigrid wol rjocht hie op in útkearing en op hokker útkearing dan.
Al dy tiid hie sy gjin ynkommen en dêrtroch rekke sy yn de skulden. In tige drege tiid foar har. Sy hie gjin jild en fielde har iensum. Mei help fan freonen en âlden bleau sy oerein. En mei help fan De Klomp. Dêr koe sy fergees klean krije bygelyks.
De trou-amtner © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Yn de skuldsanearring moast sy de earste trije jier libje fan 25 euro de wike. Dêrnei krige sy 50 euro de wike om fan te libjen. Uteinlik kaam se der út en doe besleat sy dat sy graach sels helpe woe yn De Klomp. No wurket se der as frijwilliger en fangt sy minsken op dy't deselde problemen hawwe as dat sy earder hie. Sy hat it tige nei it sin.
"It wie dreech om fan 25 euro te libjen. Ik hie ek noait nocht oan in jierdei, want ik koe neat keapje. Leuke dingen kinne net as je sa'n bytsje jild hawwe. It jout iensumens", seit Sigrid.

Arie moete

Mar allinnich is mar allinnich. Dêrom stapte sy nei lang twiveljen op de datingmerk. De twivel siet foaral yn harsels. Sigrid sit yn in rolstoel en tocht eins gjin kâns te meitsjen. "Wa sit der no te wachtsjen op in frou yn in rolstoel?"
Mar dochs besocht sy it en dêr wie Arie. Nei in pear wiken appe en belje besleaten sy ôf te praten. En fuortendaalks wie der in klik. Foar Arie en Sigrid bruts in prachtich jier oan, nettsjinsteande de coronakrisis.
De rolstoel is foar Arie gjin inkeld probleem. "Ik sjoch gjin frou yn in rolstoel. Ik sjoch gewoan in prachtige frou. En it is ek handich. Ik kin de boadskippen der moai oan ophingje. En dizze frou kin safolle."
It pear © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Sy doarden it oan om yn it houliksboatsje te stappen, op wei nei in moaie takomst tegearre.

Betelle wurk

Foar Sigrid en Arie komme der moaie tiden, hoopje sy. Al soe Sigrid graach in betelle baan hawwe. It wurk dat sy frijwillich docht by de Klomp fynt se hiel moai, mar se sjocht eins net it ferskil mei in betelle baan. "Ik bin altyd posityf bleaun en haw altyd tocht dat ik der wer útkomme soe."
Sigrid hat noch wol in boadskip foar de polityk. "Harkje nei de minsken dy't yn dizze situaasje sitte. Of noch better: ruilje ris in kear in moanne en ûnderfyn hoe't it libben is mei sa'n bytsje jild."
Bij de huwelijksvoltrekking in De Klomp:
De Klomp bestiet benammen út frijwilligers. Ut alle hoeken fan de mienskip. 'Ervaringsdeskundigen', lykas Sigrid, mar ek minsken út oare situaasjes helpe minsken op ferskillende fronten. Minsken kinne kursussen dwaan, klean helje mar ek nei de kapper.
Senan Hubanic, de koördinator fan it netwurksintrum neamt De Klomp altyd 'de talentenfabriek'.
De kommende tiid komme meardere talinten út De Klomp oan it wurd. Yn it radioprogramma Buro de Vries, op sneintemoarn om 11.00 oere by Omrop Fryslân.